Aginda 10-02-16: Fryske Jûn mei Douwe Kootstra

logo.ensafh

Bibliotheken SúdWest organisearret 10 febrewaris yn de byb fan Koudum yn gearwurking mei Stichting de Sudwester in Fryske Jûn mei skriuwer en ferteller Douwe Kootstra en muzyk fan Beano.

Douwe Kootstra is foaral bekend wurden as skriuwer fan reisboeken en as columnist fan Omrop Fryslân en it Fryske Gea. Op syn repertoire steane mearkes, seagen, legindes, mythen, mar foaral ek fermaaklike folksferhalen. De muzyk is fan Beano tige bekend yn Koudum en omkriten. .

Ynrin fanôf 19.30 oere mei in bakje kofje/tee. Om 20.00 oere (tot 22.00 oere) giet it oan en kinne jo genietsje fan ferhalen en muzyk. En ek in drankje sit by de priis yn.… Lês fierder

Aginda 18-02-16: Hallo gedicht!

logo.ensafh

Lear om poëzy te lêzen mei Dichter des Vaderlands Anne Vegter en de dichters Tsead Bruinja, Ellen Deckwitz, Charles Ducal, Maarten van der Graaff, Vrouwkje Tuinman en Maud Vanhauwaert.
Op tongersdei 18 febrewaris 20.00 – 21.15 komt Hallo gedicht! nei Tresoar, mei Anne Vegter en Tsead Bruinja.
Dichter des Vaderlands Anne Vegter nimt de útdaging oan en daget alle lêzers fan Nederlân út om net langer skruten te wêzen foar poëzy. Gedichten wolle lêzen wurde en de Dichter des Vaderlands biedt dy dêrby de helpjende hân.

Sjoch foar mear ynfo by TresoarLês fierder

Aginda 28-01-16: Workshop mei Portugeeske dichters yn De Harmonie

logo.ensafh

Begjin 2015 hat in groep minsken fan it projekt Kening fan de Greide en fan Tresoar nei Spanje en Portugal west. Yn it kylwetter fan de skries reizgjend troch Europa hawwe sy Kening fan de Greide nei dy lannen brocht en der in soad minsken troffen om yn 2018 mei-inoar it ferhaal fan it feroarjende lânskip en de gefolgen dêrfan te fertellen. It ferhaal fan Kening fan de Greide giet ek oer de gefolgen fan in feroarjend lânskip foar muzyk, byldzjende keunst, dûns, taal en oare kulturele eleminten.

Sjoch foar mear ynfo en opjefte by TresoarLês fierder

Aginda 29 en 31-01-2016: Fryske en Portugeeske poëzy en muzyk yn Warkum en Ljouwert

logo.ensafh

​De Portugeeske dichters dy ‘ t op 28 jannewaris oan ‘ Broodje Poëzie’meiwurken, sille mei de Fryske groep Tsjinlûd (de dichters Remco en Elmar Kuiper, Grytsje Schaaf en Jan Kleefstra , en de muzikanten Christiaan Kuitwaard, Anne Chris Bakker en Romke Kleefstra ) twa muzikale en poëtyske foarstellingen fersoargje.
​By dy foarstellingen wurdt Portugeeske en Fryske poëzy troch seis dichters foardroegen op de muzyk fan fjouwer muzikanten. De foarstellingen duorje ynklusyf skoft sawat oardel oere en wurde ynlaat troch ien fan Kening fan de Greide dy’t wat fertelt oer de reis nei Spanje en Portugal en de reden fan de oanwêzigens fan de Portugezen.… Lês fierder

Aginda 28-01-16: Broodje Poëzie

logo.ensafh

De laatste donderdag van januari staat weer in het teken van de poëzie. Zowel in Nederland als in Vlaanderen is het Gedichtendag, het officiële begin van de Poëzieweek. Dit jaar organiseren we een dichterslunch en nodigen daarbij ook een rapper uit.
Hoogtepunt van ‘Broodje Poëzie’ is een poetry slam, waarbij het niet alleen draait om de gedichten maar ook om de voordracht. Een accordeonist zorgt voor de muzikale omlijsting van het geheel.

Tongersdei 28 jannewaris 2016 “Broodje Poëzie” om 12.30 oere yn De Harmonie.
Gedichten en muzyk mei in lekkere lunsj foar € 14,50/jeugd € 12,00
Mienskiplike aktiviteit fan De Harmonie en Tresoar op Gedichtedei.… Lês fierder

Aginda 24-01-16: Presintaasje ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar

logo.ensafh

CYoVGLZUMAAIoMj.png large

Presintaasje dichtbondel, mei meiwurking fan de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en muzykploech Tigers fan Greonterp. Op snein 24 jannewaris wurdt in bysûndere jûn mei literatuer en muzyk organisearre by gelegenheid fan de presintaasje fan de dichtbondel ‘leech hert yn nij jek’ fan Geart Tigchelaar.

Nêst Geart Tigchelaar trede op de dichters Elmar Kuiper, Sytse Jansma, Tim Honnef en de alternative en ekspirimentele mjuks muzykploech Tigers fan Greonterp.

Geart Tigchelaar (1987) rekkenet yn ‘leech hert yn nij jek’ ôf mei it ferline, mar sjocht ek foarút. In besykjen dat de iene kear better slagget as de oare kear. Dat leveret poëzy op dy’t skjirret, dy’t echt is, dy’t libbet en stjert as in hert.De… Lês fierder