Aginda 14-01-16: VERS Revue yn Snits

logo.ensafh

Jongeren uit Sneek doen mee aan landelijke poëziewedstrijd

Op donderdag 14 januari om 14.00 uur barst in Theater Sneek de VERS Revue los met dans, muziek en gedichten van jongeren van Scholengemeenschap Bogerman, RSG Magister Alvinus uit Sneek en het Marne College uit Bolsward.
Ruim 280 jongeren van deze scholen schreven in de afgelopen weken hun eigen gedicht. Zij doen allemaal mee aan VERS 2016: een landelijke poëziemanifestatie met het hele jaar door lessen en activiteiten rond de vijf genomineerde bundels voor de VSB Poëzieprijs. Een selectie van deze jonge ‘dichters’ in de dop brengt in een wervelende literaire theatershow hun eigen werk op de planken.… Lês fierder

Aginda 29-01-2016: Poëzijmarathon ensafh yn Snits

logo.ensafh

 

Bêste dichter/belangstellende!

Yn it ramt fan de Nationale Poëzieweek organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 29-01-2016 yn de stêd Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.

Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.

Alle dichters en foarlêzers, ryp en grien, binne wolkom.… Lês fierder

Aginda 17-01-2016: Ferhaletocht yn Alde Leie

logo.ensafh

Ferhaletocht yn Alde Leie op snein 17 jannewaris 2016

Op sneintemiddei 17 jannewaris 2016 sitte trije fertellers op ferskillende lokaasjes yn Alde Leie klear om jim harren ferhaal te fertellen. De fjirde ferteller sil oan ’e ein yn it doarpshûs syn ferhaal fertelle. De fertellers binne: Frank Belt út Harns (Verteltheater Op Verhaal), Aldert Cuperus út Sint Anne (streekhistoarikus), Elmar Kuiper út Ljouwert (dichter/toanielskriuwer/byldzjend keunstner) en Etie Pasma út Hijum (skriuwster).

elmar kuiper 1

Elmar Kuiper

Yn ploechjes geane jim mei in gids by de fertellers op ’e lokaasjes lâns. Nei it lêste ferhaal yn it doarpshûs stiet foar alle dielnimmers in Snert-buffet klear.… Lês fierder

Aginda 14-12-15: It weromkommen fan de Friese Wonderpen fan Gerard Reve

logo.ensafh

Op moandeitemiddei 14 desimber is der by Tresoar om 16.00 oere in feestlik barren by de gelegenheid fan it weromkommen fan de ‘Friese Wonderpen’ fan Gerard Kornelis van het Reve.

De fjirtjinde desimber is de bertedei fan Gerard Kornelis van het Reve.

​De bysûndere pinne, dêr’t Gerard yn Greonterp yn Huize ‘Het Gras’ Nader Tot U skreau, wie sûnt 1968 fuort mar is koartlyn op wûnderbaarlike wize by Teigetje weromkommen. Om dit bysûndere barren foar de takomst te bewarjen wurdt troch Tresoar in boekje útjûn dêr’t yn optekene stiet hoe’t de pinne weromkommen is.

Teigetje sil it boekje Het teken van Gerard mei dizze histoaryske literêre pinne foar jo sinjearjen en boppedat sille Teigetje en Woelrat elk in brief fan Gerard foarlêze dy’t ek mei de pinne skreaun is.… Lês fierder