Op 14 novimber is foar de fiifde kear op rige de Fedde Schurerlêzing by Tresoar. De organisearjende partijen, de Ried fan de Fryske Beweging, Tresoar en it HCL, wolle omtinken freegje foar in tema dêr’t Schurer him mei dwaande hâlde.
Fedde SchurerDizze fiifde kear sil it gean oer de tsjerken mei as ûnderwerp ‘Tsjerke mei takomst. Tiid foar in Fryske tsjerke?’. Yn alderhande fermiddens wurdt de fraach steld nei de takomst fan ’e tsjerke. Tsjerken binne yn in faze bedarre, dat dúdlik is dat de fraach net mear akademysk is, oft in tsjerke altyd bliuwt. Tsjerken kinne ek ferdwine, en guon binne dwaande om te ferdwinen.… Lês fierder