Aginda 09-10-15: Hylke Speerstra te gast yn Makkum

logo.ensafh

Hylke Speerstra is 9 oktober te gast in Makkum. Vanaf 20.30 uur spreekt hij over zijn boek Op klompen door de Dessa.
Hij heeft speciaal voor de avond een programma gemaakt, dat deels op Makkum is gericht. De muziek wordt verzorgd door de Friese troubadour Adri de Boer.
Ook uit Makkum zijn destijds diverse jonge jongens naar Indië vertrokken. Zoals Johannes Adema. Jarenlang was er op de derde dinsdag in juli de kaatswedstrijd Johannes Adema partij, als eerbetoon aan dit Makkumer kaatstalent.
De avond wordt gehouden door NUT en vindt plaats in Café de Prins. De kosten zijn 10 euro voor NUT-leden en 12 euro voor niet leden.… Lês fierder

Aginda 18-09-15: oanbieding novelle ‘Swije’ fan Gryt Witbraad

logo.ensafh

OANBIEDING NOVELLE ‘SWIJE’ FAN GRYT WITBRAAD.

Kosterij Grutte Tsjerke Ljouwert, Jakobinerstjerkhôf 95, 8911 EN Ljouwert, parkeargaraazje Aldehou

Tagong 15 euro, tekstboekje en konsumpsjes fergees. Elkenien is wolkom.
Poëzy op muzyk fan konsertpianiste Rixt van der Kooij, fertolke troch Carina Vinke, at en Daniël Hermán Mostert, bariton.

Freed 18 septimber 2015, 19.3021.45 oere.

Tagong 15 euro. Tekstboekje en konsumpsjes fergees.

ELKENIEN IS WOLKOM

Frysk en Frij, Vredeman de Vriesstrjitte 59, 8921 BS Ljouwert, 058.2120035
post@frysk-enfrij.nl, www.frysk-en-frij.nl.… Lês fierder

Aginda 26-09-15: Fryske oersettersdei oan de RuG

logo.ensafh

Fryske oersettersdei oan de RuG

De oplieding Minorities & Multilingualism/Frysk oan de Ryksuniversiteit Grins organisearret op 26 septimber o.s. de ‘Fryske Google Translate Dei’, yn oparbeidzjen mei it Grinzer Taalburo Popkema, dat him benammen op it Frysk útleit.

Op dizze oersettersdei sil der safolle mooglik Ingelsk yn it Frysk oerset wurde. It doel is dat it Frysk dêrmei ien fan de talen fan Google Translate wurde kin. Foar in lytse taal as it Frysk is it fan grut belang dat it yn sokke digitale ûntjouwingen meigiet.

Dy’t it mei it Frysk en/of de oplieding Frysk goed foar hawwe en dy’t it Frysk skriuwe kinne, wurde útnûge om har, leafst foar 19 septimber, foar dizze dei op te jaan.… Lês fierder

Aginda 20-09-15: Boekpresintaasje dichtwurk J.B. Schepers

logo.ensafh

1

Utnûging boekpresintaasje Zonder liefde leefde nooit een lied, bloemlezing uit het Friese en Nederlandse dichtwerk van Johannes Bernard Schepers. Troch Tsjerk Veenstra

2

Snein 20 septimber 14.30 oere oant likernôch 16.30
oere Hotel Oostergo, Nije kade 1, Grou (oostergo.nl)

Programma
In wurd fan wolkom troch Piter Boersma, útjouwer fan Hispel/ foarsitter redaksje Rige Minsken en Boeken fan de Fryske Akademy.
Tsjerk Veenstra, gearstaller en besoarger fan it boek, sil gedichten fan Schepers foarlêze.
As lêste komt Bartle Laverman oan it wurd oer de fraach wat no krekt it dûbeltalint fan de tekener en dichter Schepers karakterisearret.
Mei in hapke en drankje neipraat en neisit.… Lês fierder

Aginda 27-09-15: Oerke-Kultuer, Gerben Rypma Stifting

logo.ensafh

Snein 27 septimber organisearret de Gerben Rypma Stifting fan Blauhûs middeis in Oerke-Kultuer yn kafee de Freonskip, mei as tema ‘Spreken is zilver, mar is Swijen wol goud?’ Skriuwster Gryt Witbraad fan Aldegea fertelt en lêst foar út har nijste boek ‘Swije’, in libbensferhaal fan in jong famke. Grytsje Kingma sjongt en spilet inkele tapaslike lieten.
It Oerke-Kultuer wurdt organisearre as ôfsluting fan de simmer – tentoanstelling ‘It Swijen trochbrutsen’ yn kafee de Freonskip. Hjir wurdt, oant en mei 30 septimber, yn byld en wurd ferteld oer it swijen troch of oer trije persoanen dy’t yn de oarloch yn Blauhûs en omkriten libben.… Lês fierder

Aginda 15-09-15: ‘Moanne Live’ mei Kening fan ‘e Greide

logo.ensafh

Op tiisdei 15 septimber is der wer in ‘Moanne Live’! Diskear yn gearwukring mei Kening fan ‘e Greide. In tema-jûn oer boeken. In ynspirearjende jûn mei Johan van de Gronden, Kees Kooman en Albert Beintema; skriuwers en tinkers dy’t elk koartlyn in boek útbrochten oer de tematyk fan Kening fan ‘e Greide. Ynrin fanôf 19.30 oere.

Klik hjir foar mear ynfo… Lês fierder