Aginda 08-09-2015: ‘Zomergasten-jûn’ mei de Gysbert-nominearren

logo.ensafh

Op tiisdei 8 septimber is yn Tresoar in jûn mei de trije skriuwers dy’t nominearre binne foar de Gysbert Japicxpriis: Elske Schotanus, Koos Tiemersma en Ale S. van Zandbergen.

Asing Walthaus, sjoernalist by de Ljouwerter Krante, sil mei elk fan de trije nominearren in fraachpetear ha neffens de opset fan ‘Zomergasten’.

Dêrnêst komme trije jonge resinsinten oan it wurd, dy’t yn koart bestek ferdútse sille wat neffens har de kwaliteiten binne fan it boek dat sy keazen ha.

Oan de ein is der romte foar it publyk om mei de nominearren yn petear tegean oer har wurk.

Nei ôfrin is der gelegenheid foar neipetear by in slokje en in hapke.… Lês fierder

Aginda 17-06-15 o/m 30-09-15: It Swijen Trochbrutsen

logo.ensafh

Fan woansdei 17 juny oant en mei ein septimber is yn de saneamde Gerben Rypma Keamer fan Kafee De Freonskip yn Blauhûs, de Tentoanstelling It Swijen Trochbrutsen te sjen.

In protte minsken binne stilfallen troch de oarloch. De tentoanstelling fertelt yn byld en wurd oer it swijen fan of oer trije persoanen dy’t yn de oarloch yn Blauhûs en omkriten libben.

Gerben Rypma (1878-1963)

Mei it begjin fan de oarloch is skilder, dichter en boere-arbeider Gerben Rypma stoppe mei it dichtsjen. Neffens in omkesizzer hat de oarloch de reden west dat hy hjirmei ophold. ‘Hy koe gjin lijen sjen, koe it net ferneare dat de iene minske de oare safolle ûnrjocht oandie.’… Lês fierder

Aginda 07-07-15 o/m 10-07-15: Simmerskoalle yn Ljouwert

logo.ensafh

Simmerskoalle 2015 vindt dit jaar voor de tweede keer plaats in de zomervakantie van 7 t/m 10 juli. Afgelopen jaar was de eerste editie met de kunstdisciplines Taal en Schilderen in het Fries Museum een succes.
Simmerskoalle wordt georganiseerd door Kunstkade i.s.m. met de NHL en het Fries Museum.
Simmerskoalle is er voor iedereen vanaf 18 jaar die een week lang willen werken met een specifieke kunstvorm onder leiding van professionele kunstenaars. Een week lang verdiepen, uitwisselen en leren. Aan het einde van de week worden de resultaten uitgewisseld en aan elkaar gepresenteerd. Het gemaakte werk wordt verder gepresenteerd tijdens het UITfestival op 30 augustus.… Lês fierder

Aginda 12-09-15: Tigers fan Greonterp op it Greidhoekfestival

logo.ensafh

De “Tigers fan Greonterp” is in Fryske poëtyske, alternative en ekspirimentele mjuks muzykploech. De leden binne hikke en tein yn de omkriten fan Greonterp.

Greonterp yn Fryslân hat in skiednis fan “Reade Boarre” oanbidders nei ’t in tsjoendokter dêr kaam en dêr wenne hat. Mar Hollânske krúsridders kamen en stutsen it doarp yn ’e brân. It kjel makke folk flechte en hja sprieken in flok oer it doarp út. Dit ferhaal wurdt ek wol beskreaun as in sabeare teltsje, it is neffens de gelearden wat besiden de wierheid. (Dochs binne der minsken dy’t somtiden tigers yn de omkriten fan Greonterp sjogge)

De ploech makke al gedichten en muzyk as bern, as ûnderdiel fan harren pleatslike doarpstradysjes Der wiene in protte ynkarnaasjes fan “De Tigers” de lêste 30 jier.… Lês fierder