Stichting Utjouwerij Frysk en Frij organisearret op freed 29 maaie in kulturele manifestaasje yn Bûtenpost.
De manifestaasje mei as tema ‘Reizigje’ is yn de Maria-tsjerke oan de Alde Havenstrjitte 1 en bestiet út in trochrinnend program dêr’t bern en folwoeksenen fan herte wolkom binne. Dat trochrinnend program begjint om 15.00 en einiget om 19.00.
It program begjint 15.00 mei in bernespektakel dêr’t bern toulûke en stientille kinne mei de sterkste man fan Fryslân, Grutte Pier, en se kinne har ferklaaie. De bern fan de iepenbare basiskoalle De Mienskip litte sjen wat sy sels oan kultuer dogge: op in eksposysje litte se tekeningen en gedichten sjen én se spylje it toanielstik Op hobbel de hobbelreis nei Bûtenpost.… Lês fierder