Teleks: FryslânDOK ‘Skrinende ferealens’ oer Aggie van der Meer te sjen op 2 en 3 desimber

logo.ensafh

Fredesaktiviste en skriuwster Aggie van der Meer is fan ’t simmer yn ’e âldens fan 95 jier ferstoarn. Foar har oeuvre krige sy yn 2019 de Gysbert Japickxpriis, de heechste ûnderskieding yn de Fryske literatuer. Dat wie oanlieding om in dokumintêre oer dizze sterke frou te meitsjen, dy’t har doe krekt yn in fersoargingshûs nei wenjen set hie. Yn FryslânDOK werhellet Omrop Fryslân dizze wike ‘Skrinende ferealens’, in portret fan Aggie van der Meer.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: De mummys fan Wiuwert binne ferivige yn in spannend berneboek

logo.ensafh

Foar it earst ferskynt der in berneboek oer de mummys fan Wiuwert. Der bestiene al skiedkundige boeken en romans oer de bysûnder goed bewarre lichems, mar no kinne ek bern mei it ferhaal yn ‘e kunde komme.

“Het verbaasde me eigenlijk dat er nog geen kinderboek was”, seit skriuwer Jorrit de Klerk. Hy skriuwt science-fictionboeken en berneboeken. “Ik merk het het ook aan mijn eigen kinderen dat het wel echt een spannend verhaal is.”

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: earste fers nije Dichter fan Fryslân Arjan Hut: Twivelje mei (ferzje 4)

logo.ensafh

 

 

 

 

 

 

 

Twivelje mei (ferzje 4)

even
dit briefke, hastich skreaun
ûnderweis, yn de trein,
ik kom fan fierren, of lis ik siik
op de bank en hallusinearje?

wa wit, wa wit
ja, fantasearjend − ûnderweis nei dy
(mar wêr’tsto stiest, gjin idee)
tsjûke-tsjûk!
ûnder in tekken, it liket wol novimber
koarts út beide noasgatten
de nacht raast by de finsters del
skiere pûsters rochelje en smûge, man
de kop fol mist en nergens langer seker fan

mar twivelje mei!

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry!’

logo.ensafh

Arjan Hut is de nije Dichter fan Fryslân: ‘Minder wifi, mear poetry!’

Arjan Hut (Drachten, 1976) is hjoed op it Explore the North-festival yn Ljouwert troch deputearre Eke Folkerts offisjeel beneamd ta nije Dichter fan Fryslân. De beneaming is foar twa jier. Arjan Hut is de fjirde Dichter fan Fryslân en de opfolger fan Sigrid Kingma, dy’t hjoed ôfskied naam fan har funksje as Dichter fan Fryslân.

Dichter fan Fryslân Arjan Hut: “Doe’t ik frege waard, woe ik eins net fuort tahappe, mar foar’t ik it wist sei ik: ‘Ja, ja, fansels!’ It soe moai wêze as ik yn dizze tiid fan orakels, tsjutters en antwurden in tsjinwicht biede kin, en in romte fertsjinwurdigje dêr’t plak is foar twifel.… Lês fierder

Teleks: 25 november 2023 pleatsing Frysktalige stroffelstiennen

logo.ensafh

Foto fan de “stolperstein” (stroffelstien) fan Fred Kaufmann, de soan fan Paul en Klara. Dizze stien wie de earste stroffelstien dy’t yn Nederlân pleatst is, yn 2007 yn Borne.

Op sneon 25 novimber wurde twa stroffelstiennen yn Burgum pleatst troch de Dútske keunstner Gunter Demnig. It bysûndere fan de beide stiennen is dat de opskriften yn de Fryske taal binne. Dat binne tagelyk de earste Frysktaligen fan de mear as tweintichtûzen dy’t op mear as 1200 plakken yn Europa lizze.

Lês en sjoch fierder by FrisistykLês fierder

Teleks: Fryske Akademy presintearret rymwurdboek Frysk foar ‘helpsinteklazen en hobbyrappers’

logo.ensafh

Dichtsje en rappe yn it Frysk makliker meitsje. Dat is it doel fan it rymwurdboek fan de Fryske Akademy. It rymwurdboek stiet online op Frysker.nl en is fergees tagonklik foar alle helpsinteklazen, hobbyrappers en oare dichters.

It nije digitale skriuwark waard sneintemiddei presintearre yn Neushoarn yn Ljouwert. Kollumnist en rapper Pieter Zijlstra frege de Akademy yn maart om sa’n rymwurdboek te meitsjen. Hy is tige te sprekken oer it rymwurdboek dat der no is. Neffens him wurket it as in trein. “Do kinst in Frysk wurd yntype en do krijst in rychje moaie rymwurden foar elts gedicht datst mar skriuwe wolst.”… Lês fierder