Skriuwer Hylke Speerstra krige freedtejûn de Fryske Anjer útrikke foar syn bydrage oan de Fryske kultuer. Anne-Goaitske Breteler waard beleane mei de talintpriis.
“Ik moat noch even wer mei beide fuotten op de grûn komme. Hjir stiet in gelokkich man”, sei Speerstra nei de útrikking.
De Fryske Anjer wurdt alle jierren takend oan in persoan of in organisaasje dy’t him fertsjinstlik makke hat foar de Fryske kultuer of natuer. Ien fan de bekendste wurken fan Speerstra is It wrede paradys út 1999, in boek mei libbensferhalen fan Friezen dy’t nei de Twadde Wrâldoarloch nei it bûtenlân emigrearren.
Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder