Teleks: Frisistyk stiet online

logo.ensafh

Fan hjoed ôf is dit platfoarm fan en foar frisisten ‘live’. In plak dêr’t wy lêze en skriuwe kinne oer ús wurk yn de frisistyk. It sil hjir net allinnich gean oer Fryske taalkunde, letterkunde en skiednis yn Nederlân en Dútslân, mar ek oer Frysk yn it ûnderwiis en Frysk taalbelied.

Binnen en bûten Fryslân wurdt der safolle ûndersyk dien nei it Frysk. Dat moatte we foaral net allinnich binnen it eigen fakgebiet fia de wittenskiplike, ynternasjonale kanalen presintearje, mar ek krekt op lokale en nasjonale skaal. Dêrom is der no Frisistyk.nl: in tagonklik en leechdrompelich poadium dat romte biedt foar de ferwûnderingen en iepen einen fan ús fak.… Lês fierder

Teleks: 32 Utsteld gelok-ferhalen sammele yn blomlêzing

logo.ensafh

Yn de earste edysje fan kultuermanifestaasje Arcadia brocht Ljouwert UNESCO City of Literature Utsteld gelok: 100 nij skreaune ferhalen, foarlêzen yn 100 tunen yn Fryslân. De ferhalen foelen yn de smaak by it talrike publyk. Om se foar noch mear minsken beskikber te meitsjen frege de organisaasje letterkundige en skriuwer Henk Pröpper om in seleksje te meitsjen foar in bondel. Op tongersdei 5 oktober oerlanget Pröpper it earste eksimplaar fan sawol de Nederlânsktalige as de Frysktalige blomlêzing oan Ljouwerter boargemaster Buma. De bondels binne dêrnei te keap yn de boekhannel.

Lês fierder by Ljouwert UNESCO City of LiteratureLês fierder

Teleks: Provinsje kiest foar rêst yn it kulturele fjild en ferlingt alle kultuersubsydzjes mei in jier

logo.ensafh

De provinsje ferlinget mei in jier de subsydzje foar 36 kulturele organisaasjes yn Fryslân. De subsydzjeregeling rint ein takom jier ôf, mar kulturele organisaasjes kinne foar it jier dêrnei in oanfraach dwaan foar itselde subsydzjebedrach.
Mei-inoar giet it om sa’n 9,5 miljoen euro en dêrfan is 4 miljoen bedoeld foar de gruttere Fryske musea. De rest fan it jild giet nei in grut ferskaat oan kulturele organisaasjes lykas Tryater, Film in Friesland, Oerol, dûnsselskip Ivgi & Greben en Opera Spanga.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Oantal âlde Fryske blêden digitalisearre: fan lânbou oant arbeidersstriid

logo.ensafh

De Koninklijke Bibliotheek hat in grut oantal tydskriften digitaal beskikber makke op de webside Delpher. By de nije útwreiding sit ek in flink oantal Fryske blêden.
Sa binne der mear as 1.800 edysjes online te finen fan it ‘Friesch Landbouwblad’ tusken 1920 en 1960. Dit tydskrift wie it offisjele orgaan fan de Friesche Maatschappij van Landbouw. It wie in wichtich blêd foar de agaryske sektor yn Fryslân.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Ljouwert siket Stedsdichter

logo.ensafh

De gemeente Ljouwert is foar de kommende twa jier op syk nei in Stedsdichter foar de stêd en de 35 doarpen. Entûsjaste wurdkeunstners kinne har dêr oant 15 novimber foar oanmelde fia www.leeuwarden.nl/stadsdichter. De Stedsdichter skriuwt alle jierren in tal wurdkeunsten foar Ljouwert en sil dy foardrage yn de perioade fan 2024 oant 2026.

De rol fan de Stedsdichter
“Net allinnich wie Ljouwert yn 2018 de Kulturele Haadstêd fan Europa, mar sûnt ein 2019 is de stêd de grutske drager fan de titel UNESCO City of Literature. Us stêd, tegearre mei har doarpen, fertsjinnet in eigen Stedsdichter”, sa seit wethâlder Hein Kuiken.… Lês fierder