Teleks: Needgjalp fan it Skriuwersbûn oan de Fryske polityk

logo.ensafh

It Skriuwersbûn hat Deputearre Steaten in brief skreaun. It Bûn wol oerlis oer de takomst fan de Fryske skriuwerij en de ferantwurdlikheid dy’t de provinsjale polityk dêrfoar hat.

Tusken de provinsjale politisy en de literatuer gappet in kleau, skriuwt it Bûn. De polityk is ûnferskillich, wylst foar it behâld fan it Frysk in libbene literatuer needsaak is. “In taal dêr’t net yn lêzen wurdt, sil it op ’n djoer net rêde”. Yn de ôfrûne fyftjin jier is de ynfrastruktuer, bedoeld om it Fryske lêzen en skriuwen te stimulearjen, neffens it Bûn “dramatysk minder wurden”. Benammen Tresoar docht folle minder foar de Fryske literatuer as yn earder jierren.… Lês fierder

Teleks: ferhalewedstriid BoekHjerstBoek

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekHjerstBoek dy’t op freed 17 novimber om 20.00 oere kafee It Wapen fan Baarderadiel yn Jorwert holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal te skriuwen mei it tema ‘Stoarm’.

Stoarmet it yn dy? Yn dyn holle, yn dyn liif? Stoarmet it bûten of op it wurk, stoarmest troch it libben? Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.

Sjoch foar mear ynformaasje by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Kursus Poëzy lêze mei Arjan Hut

logo.ensafh

Soms liket it as binne minsken benaud fan gedichten. Net alle gedichten, mar de lestige. Der stiet net wat der stiet, of wol? En as der net stiet wat der stiet, wat stiet der dan? Wêrom kin in dichter net gewoan opskriuwe wat er bedoelt?

Dichter Arjan Hut jout in searje jûnen ‘poëzijlêzen foar nijsgjirrigen’. Oan de hân fan âlde en nije gedichten, dûke we de wrâld fan de poëzij yn, helpe mekoar paadwiis te wurden, en fine faaks ien of mear dichters dy’t sa oansprekke, dat it liket as skriuwe se spesjaal foar ús.

Sjoch foar mear ynformaasje by TresoarLês fierder

Teleks: Sytze de Haas út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023

logo.ensafh

Sytze de Haas (11 jier) út Jorwert wint de Lytse Gysbert Japicxpriis 2023, dé priis foar it bêste Fryske gedicht skreaun troch skoalbern út de groepen 7 en 8 fan it basisûnderwiis yn Fryslân. Op sneon 14 oktober kriget hy ‘De Gouden Fear’ en in oarkonde útrikt yn de Martinitsjerke yn Boalsert, op itselde stuit dat ek de Gysbert Japicxpriis útrikt wurde sil oan skriuwster Jetske Bilker foar har boek Spegel en sonde.

Lytse Gysbert Japicxpriis
De Gysbert Japicxpriis bestiet al sûnt 1947 en yn 2013 is ek de Lytse Gysbert Japicxpriis yn it libben roppen om bern yn ’e kunde komme te litten mei skriuwer en dichter Gysbert Japicx (1603-1666), de Fryske taal en de keunst fan it dichtsjen.… Lês fierder

Teleks: Skriuwster Lida Dijkstra wint priis foar bêste histoaryske jeugdboek

logo.ensafh

Skriuwster Lida Dijkstra fan De Knipe hat de Archeon Thea Beckmanpriis wûn. Har roman Schaduw van Toet is ferkeazen ta bêste histoaryske jeugdboek fan it jier.
It boek giet oer farao Toetanchamon en syn healsuster oan it hôf fan de farao’s yn it âlde Egypte. Dijkstra krige de priis om’t har ferhaal Toetanchamon ‘vakkundig en trefzeker’ yn de histoaryske kontekst set.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: TRYATER SIKET SKRIUWERS

logo.ensafh

Oprop: TRYATER SIKET SKRIUWERS

Fan oktober oant en mei desimber giet Tryater by sân Fryske fanfares del foar de foarstelling Ynblaze. In unike gearwurking tusken lokale amateur-muzykferieningen en Tryater. By de foarstelling wurdt der in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Besjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop.

Wat we dwaan sille.
As dielnimmer fan dizze workshop giest yn petear mei muzikanten fan Fryske fanfares. Wêrom giet immen alle wiken nei de repetysje? Wat driuwt him of har? Yn tarieding nei Ynblaze ta hawwe skriuwer Wessel de Vries en regisseur Tatiana Pratley lyksa yn petear west mei in tal fanfareleden.… Lês fierder