Teleks: In jier langer Fryske literatuer op it menu yn Kafee De Gouden Leeuw

logo.ensafh

Kafee De Gouden Leeuw – it smûke brune kafee fan Tresoar – bliuwt noch in jier langer iepen! Oant en mei desimber 2024 (!) genietest hjir fan al it moais dat de Fryske literatuer te bieden hat.

Yn it pop-up kafee hawwe it ôfrûne healjier tal fan (literêre) aktiviteiten west. Sa lansearren we Operaesje Fers mei it Frysk Film en Audio Argyf, hâlden we in dichtmiddei mei Tsead Bruinja en Hiske Oosterwijk én organisearren we in Fryske boekemerk. Ek de Fryske SLAM mei Gabrielle Terpstra en Sigrid Kingma, de kursusjûnen yn it Kafee en ferskate boekpresintaasjes wienen in grut sukses!

Lês fierder by TresoarLês fierder

Teleks: Aggie van der Meer ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwster Aggie van der Meer is sneon ferstoarn. Sy is 95 jier wurden. Van der Meer skreau in hânfol poëzybondels en mear as tsien romans en novellen. Yn 2019 krige sy de Gysbert Japicxpriis foar har folsleine wurk.
Aggie van der Meer waard op 2 septimber 1927 yn Boalsert berne en bleau dy stêd har hiele libben trou. Sy brocht dêr har bernejierren troch, siet dêr op skoalle en is der ek troud.
Sy wie jierren aktyf foar de Vredesbeweging en skreau foar dy beweging ek artikels. Yn 1964 publisearre útjouwerij Osinga yn Boalsert in berneboek fan Aggie van der Meer mei de titel De Kamiel fan Omke Romke.… Lês fierder

Teleks: Trijelûk oer Gerard Reve yn FryslânDOK

logo.ensafh

Sjochtip

Gerard Reve wenne yn de sechtiger jierren yn Greonterp. De earder dit jier ferstoarne Gryt van Duinen makke yn 2006 in trijelûk oer de skriuwer syn Fryske tiid. Dy rige is yn FryslânDOK te sjen.
Gerard Reve (1923-2006) socht rêst en in eigen plak yn Fryslân en fûn dat yn in arbeiderswenninkje yn Greonterp, flakby Blauhús. Hy wenne dêr mei syn partners Willem van Albada (Teigetje) en Henk van Manen (Woelrat). Neist argyfmateriaal dat in prachtich t iidsbyld sjen lit, gie programmamakker Gryt vanDuinen (1950-2023) nei Greonterp om werom te sjen op de jierren yn Huize Het Gras.

Sjoch foar mear ynformaasje by Omrop Fryslân (pdf)

 … Lês fierder

Teleks: Gadingmakkers foar Tresoar Fellowship socht

logo.ensafh

Tresoar en de Freonen fan Tresoar stimulearje in nije generaasje ûndersikers fan de Fryske skiednis, literatuer, kultuer en/of letterkunde. Mei inoar hawwe sy it Tresoar Fellowship ynsteld. Elk jier wurdt in stipendium beskikber steld oan in jonge akademikus út binnen- of bûtenlân. Dêr kin in ynnovatyf ûndersyksprojekt fan maksimaal trije moannen mei stipe wurde. Kandidaten fan alle dissiplines en nasjonaliteiten binne wolkom.

Lês fierder by TresoarLês fierder

Teleks: Eltsenien kin meihelpe oan it langste Dada-gedicht yn Drachten

logo.ensafh

Yn museum Dr8888 kinne besikers meidwaan oan it meitsjen fan it langste Dada gedicht ea yn in spesjale ynstallaasje fan keunstner Marten Winters. Eltse besiker kin in wurd ynsprekke foar it gedicht.
Dada is in streaming fan begjin 1900 tsjin logika en it beredenearre fan saken, mar just foar bygelyks yntuysje. It museum yn Drachten hat dêr in tentoanstelling oer, en oer de Dútske Dadaïstyske keunster Kurt Schwitters dy’t mei besites oan Drachten de keunstners hjir ynspirearre.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder