Teleks: Doch mei oan de masterclass Literêre Performance

logo.ensafh

Explore the North, Tryater en Ljouwert UNESCO City of Literature organisearje wer in nije masterclass Literêre Performance, foar skriuwers dy’t harren optredens nei in heger nivo bringe wolle en in stap fierder wolle yn it presintearjen fan harren wurk. De masterclass wurdt jûn troch teatermakker Karel Hermans. Meidwaan is fergees.

De masterclass Literêre Performance is bedoeld foar skriuwers dy’t al proaza of poëzij publisearre hawwe, en (leafst) al wat presintaasje/poadiumûnderfining hawwe. Yn dizze masterclass ferkenst al spyljend de mooglikheden om in tekst oan en foar it publyk oer te bringen. Wille en ferbyldingskrêft steane foarop.

Mei akteur en teatermakker Karel Hermans silst oan ‘e gong mei hâlding, stimgebrûk, ynterpretaasje en teatertechnyk.… Lês fierder

Teleks: Tresoar nimt seldsume snydselbank op yn kolleksje

logo.ensafh

Op 2 july 1947 stapten de 27-jierrige Cornelis (Cees) Joustra en 27-jierrige Bouk de Boer yn it houliksboatsje. Dat fierden se mei famylje en freonen yn kafee Bergsma yn Easterein. Spesjaal foar dit bysûndere barren makken freonen fan Cees in saneamde ‘schnitzelbank’. It dokumint is 76 jier letter noch yn goede steat en is dit jier skonken oan Tresoar. As ien fan de mar pear argiven fan Nederlân is Tresoar no yn it besit fan in schnitzelbank!

Lês fierder by EBLTLês fierder

Teleks: Biografy Simke Kloosterman ‘De keunst as útwei’ presintearre

logo.ensafh

Op woansdei 21 juny wie yn de tsjerke yn Twizel de presintaasje fan de biografy fan Simke Kloosterman, skreaun troch Philippus Breuker. Foarsitter fan it Simke Kloosterman Lien, Oebele Brouwer, iepene de gearkomste. Hy wie tige bliid dat der nei ferskate kearen besykjen no dochs in biografy oer Simke Kloosterman is.

Nei Brouwer wie it wurd oan Willem Jongsma, dy’t yn it Simke Kloostermanhûs wennet. Hy die dat yn de foarm fan in brief: ‘Achte juffer Kloosterman’. Hy frege him ôf wat ‘juffer Kloosterman’ sels fan it boek fine soe.

Jaep Meems (piano) en Gretha Hoekstra (sang) soargen foar in muzikaal yntermezzo en Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma foar in moai gedicht: ‘Neam my mar Pim’.… Lês fierder

Teleks: Advyskommisje dr. Obe Postmapriis 2024 bekend

logo.ensafh

De advyskommisje foar de Dr. Obe Postmapriis kin oan de slach. Trije minsken út de wrâld fan de letterkunde bûge har de kommende tiid oer de fraach oan wa’t de provinsjale oersetpriis takend wurde moatte. Dizze edysje jouwe Maaike Andringa, Marc van Oostendorp en Rein Smilde dêroer advys oan de provinsje.

De leden foar de advyskommisje binne troch Tresoar en de Fryske Akademy foardroegen oan de Fryske Deputearre Steaten. De kommisjeleden binne alle trije aktyf mei taal:

Lês fierder by Provinsje FryslânLês fierder