Teleks + Aginda 29-11-2024: Ferhalewedstriid en ferhalejûn BoekFloedBoek yn Easterlittens

logo.ensafh

Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan it de ferhalejûn BoekFloedBoek dy’t op freed 29 novimber om 20.00 oere yn kafee ‘Herbergh Het Wapen van Friesland yn Easterlittens holden wurdt. Elkenien wurdt fan herten útnûge in koart ferhaal te skriuwen binnen it tema ‘Heech wetter’.

Heech wetter kin fansels frij ynterpretearre wurde. It kin gean oer it wettertij, kinst heech wetter ha ast nedich nei it húske moatst, of miskien stiet it wetter dy finansjeel of mentaal oan ’e lippen ta?

Skriuw dyn ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen en stjoer dat, mei dyn namme derby, foar freed 15 novimber nei ferhalewedstriid@boekenfanfryslan.frl.… Lês fierder

Teleks: Berneboekewikegeskink Pieter Koolwijk dit jier ek yn it Frysk

logo.ensafh

Pieter Koolwijk (bekend fan û.o. Gozert) hat dit jier it Berneboekewikegeskink Schatpakkers skreaun. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân is in Fryske oersetting makke, ûnder de titel: Skatpakkers, oerset troch Rymke Zijlstra.

Nevin wurdt troch har heit nei bûten stjoerd. Unterjochte, fynt se sels. Dus nimt sy de autokaai mei, sadat hy net nei de fuotbalwedstriid kin. Mar as de kaai yn in put falt en troch in lyts donkerblau hantsje meinommen wurdt, hat se in probleem…

Lês fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Taalkundige út Japan wol de Sealterfryske taal beskriuwe

logo.ensafh

Taalkundige Stephen Laker wol de kommende jierren ferskate artikels en boeken oer de Sealterfryske taal publisearje. Hy is berne yn Ingelân, wennet yn Japan en wurket oan de Kyushu Universiteit yn Fukuoka.

Hy is benammen ynteressearre yn de ferskillen tusken de trije Sealterfryske dialekten. Foar syn ûndersyk wie Laker ôfrûne wike yn Sealterlân, dêr’t er wiidweidich mei minsken út Strukelje (Strücklingen), Roomelse (Ramsloh) en Skäddel (Scharrel) prate oer de details fan harren fariant fan it Sealterfrysk.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Trûbadoer Adri de boer wurdt earste gemeentedichter fan Opsterlân

logo.ensafh

Trûbadoer Adri de Boer fan Lippenhuzen is de kommende twa jier gemeentedichter fan Opsterlân. It is foar it earst dat dy gemeente in eigen dichter oansteld hat.
De Boer waard winner yn in wedstryd dêr’t seis dichters oan meidiene. Yn de Museumnacht sneon yn de Tropische Kas yn Beetstersweach waard De Boer ta winner útroppen.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Frisistikprofessor Jarich Hoekstra verstorben

logo.ensafh

Im Alter von 68 Jahren ist am Freitag, den 20. September Prof. Dr. Jarich Freark Hoekstra verstorben. Hoekstra war von 1999 bis zu seiner Emeritierung im Jahr 2022 Professor für Frisistik an der Christian-Albrechts-Universität in Kiel. Zuvor arbeitete er lange als Sprachwissenschaftler an der Fryske Akademy in Leeuwarden.

Jarich Hoekstra war in vielerlei Hinsicht ein außergewöhnlicher Wissenschaftler. Er gehört zu den wenigen, die sich ausnahmslos für alle Varianten des Friesischen interessierten. Neben seiner westfriesischen Muttersprache beherrschte er auch das Nordfriesische der Insel Amrum fließend. Diese Form des Friesischen war die Muttersprache seiner Lebensgefährtin und die gemeinsame Sprache in ihrem Zuhause. In seinen zahlreichen Veröffentlichungen in vielen Sprachen beschrieb Hoekstra immer wieder neue interessante Eigenschaften der friesischen Sprachen.… Lês fierder

Teleks: Dielnimming Fryske dichteres Gabrielle Terpstra oan Transpoesie 2024

logo.ensafh

Op freed 27 septimber sil Gabrielle Terpstra optrede op it festival TRANSPOESIE yn Brussel. It tema fan dit jier is “surrealisme”, om de berte fan dizze keunstfoarm, in iuw lyn, te fieren. In tema dat wol by Gabriella past! It festival duorret fan 26 oant en mei 28 septimber en fynt plak op ferskate plakken yn Brussel. Har dielnimming wurdt mei mooglik makke troch It Skriuwersbûn, de Provinsje Fryslân en de Douwe Kalmastifting.

Ek is oeral yn de Brusselske Regio poëzij te besjen: op ruten, doarren en muorren, yn útstallingskassen, yn it iepenbier ferfier en by minsken thús yn wenkeamers. De tweintich dielnimmende dichters diele in koart gedicht, elk yn harren eigen taal en mei harren eigen ferhaal.… Lês fierder