Teleks: Simmerskema ensafh.nl 2023

logo.ensafh

03-06-2023

Bêste lêzer,

yn Juny, July en Augustus sille der net om de trije dagen, mar ien kear yn ‘e wike, op woansdei, nije bydragen pleatst wurde. Ynsidinteel kinne der ek oare (aktuele) bydragen publisearre wurde.

De earstfolgjende publikaasje is op 07-06-2023.

De nijsfoarsjenning (Nijs en blogs) giet gewoan troch.

Redaksje ensafhLês fierder

Teleks: De Blinker besiket it moaiste gedicht foar de ‘Lytse Gysbert’ te skriuwen

logo.ensafh

Skoalbern út groep 7 en 8 fan basiskoalle De Blinker yn Boalsert krigen dichtles yn it Frysk. Mei de les hopet Tresoar safolle mooglik bern oan it dichtsjen te krijen, dêrom reizgje meiwurkers skoallen del.
Learlinge Sanne Balk fynt dat dichtsjen noch net sa ienfâldich: “Je moet heel veel woorden weten en bekijken waar ze moeten staan en hoe ze moeten staan.” In gedicht is neffens Sanne goed as it in koarte tekst is, mar it wol rekket.

Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Nei Frysk binne de eineksamens dien

logo.ensafh

De eineksamens binne foarby. Op de lêste dei stie tiisdei ûnder oare it eksamen Frysk foar vmbo, havo en vwo noch op it programma. En ek dit jier wiene der wer mear learlingen dy’t it eksamen ôfleinen as it jier derfoar.
“Ik ha der wol in goed gefoel oer”, is it earste dat Jeska Groen seit wannear’t se klear is mei har eksamen. Se sit yn 6 vwo en hat krekt trije Fryske teksten mei fjirtich fragen trochwraksele.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Muzikant Marius de Boer op 62-jierrige leeftiid stoarn

logo.ensafh

Muzikant Marius de Boer is nei in koart siikbêd stoarn. De út Stiens ôfkomstige De Boer waard ferneamd as mei-oprjochter en frontman fan Reboelje en wurke de ôfrûne jierren noch as solo-artyst. Hy is 62 jier wurden.
Sûnt inkelde wiken wie De Boer siik, dochs komt syn ferstjerren ûnferwachts. Ein jierren santich, begjin jierren tachtich, begûn De Boer mei bands as Elected en Ambassador Betterhead. In pear jier letter seach Reboelje it libbensjocht, wêrmei’t De Boer ûnder oare yn it bûtenlân toerde.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

 … Lês fierder

Teleks: Keunst en Fryske gedichten fytsrûte ‘IIsbaan yn ‘e maaitiid’

logo.ensafh

Op 2 juny iepenet Lutz Jacobi de miny-eksposysje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ op it Gemeentekantoar fan Ljouwert. It is dêrmei ek de iepening fan de nije keunst-fytsrûte by tolve iisbanen lâns.

Lutz is foarsitter fan ‘Fietsplatform Nederland’, in organisaasje dy’t de belangen fan de rekreative fytser behertiget. In nije fytsrûte om it tema iisbanen hinne slút dêr goed by oan. De eksposysje bliuwt de hiele moanne juny sichtber en de rûtes fine jo yn it fergeze boekje ‘Iisbaan yn ’e maaitiid’ en online fia www.iisbaankeunstrute.frl.

Gedichten, skilderijen en foto’s

Trije fytsrûtes, fan 98 kilometer, 68 kilometer en 56 kilometer, liede jo by tolve iisbanen yn Fryslân lâns.… Lês fierder

Teleks: Syds Wiersma wint de Fryske SLAM!

logo.ensafh

Dichter, skriuwer Syds Wiersma krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM! Dêrmei waard hy de bêste Poëzijslammer fan Fryslân. Jens de Vries waard twadde.

Foar Syds Wiersma wie it de earste kear dat er meidie oan in poêzij slamwedstriid: ‘It wie moai om yn de finale te stean en mei Jens te slammen. Wy reagearren goed op inoar. It wie hast magysk.’

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder