Oant 15 maaie noch ynstjoere foar de Rely
Rely-priisfraach 2023 iepensteld
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 69ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000.
De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Beart Oosterhaven, Oene Spoelstra en Marrit de Schiffart.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder