Teleks: Sirkwy giet oer nei Tresoar

logo.ensafh

Ferline jier binne wy úteinset mei de fernijing fan Sirkwy.frl. Mei in enkête koest meitinke oer it nije jaske fan Sirkwy. No is it dan safier: Sirkwy.frl wurdt yntegrearre yn de webside fan Tresoar! Dat betsjut dat de hjoeddeistige webside meikoarten ferdwine sil. Mar gjin soargen: alle ynformaasje – lykas de skriuwersbiografyen en boekprofilen – fynst aanst gewoan werom op Tresoar.nl. Fan begjin april ôf – de definitive datum meitsje wy noch bekend – fynst op de webside fan Tresoar alle ynformaasje op it mêd fan Fryske literatuer.

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: Longlist The International Booker Prize 2023

logo.ensafh

Dertien boeken zijn genomineerd voor The International Booker Prize 2023. Er zit geen kandidaat uit Nederland en Vlaanderen bij. De in het Engels vertaalde boeken maken kans op de prijs van 50.000 Britse ponden die verdeeld moeten worden tussen de auteur en de vertaler. Op 18 april wordt de shortlist bekendgemaakt en op 23 mei de uiteindelijke winnaar.

Lês fierder by TzumLês fierder

Teleks: ‘Enerzjiker taalbelied fan provinsjes nedich’

logo.ensafh

Taal spilet net sa’n grutte rol yn de kampanjes foar de ferkiezingen. De Ried fan de Fryske Beweging joech lêstendeis al omtinken oan it Frysk yn de ferkiezingsprogramma’s, ûnder oare op It Nijs. En ferline wike (4 maart) stie der in skôging fan taalkundige Leonie Cornips yn deiblêd Trouw oer it belang fan regionale talen en dialekten en de rol dy’t provinsjes dêr neffens har yn nimme moatte. Hja wurket as taalkundich ûndersiker by NL-Lab en it Meertens Instituut en as Bysûnder Heechlearaar Taalkultuer oan de Universiteit fan Maastricht. Hjirûnder wiidweidige yn it Frysk oersette sitaten út dy skôging.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Marrit Jellema makket mei ‘Voor Altijd’ monumint foar har ferstoarne mem

logo.ensafh

It is ôf. It monumint foar har ferstoarne mem. Want sa sjocht spoken word-artyst Marrit Jellema har nije album ‘Voor Altijd’. It proses ferge in soad fan har. Se is dan ek bliid en foldien mei it resultaat. “En nu is het tijd voor stilstand.”
Op ‘Voor Altijd’ bringt Jellema (29) har ferhaal foar it fuotljocht troch spoken word, droegen troch muzyk fan Jochem Knoef. Hjir gie wol wat eangst oan foarôf, fertelt Jellema. Want in hiel album oer de dea fan har mem, is dat net wat in soad foar harkers?

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Eppie Dam 70 jier

logo.ensafh

Op 5 maart is skriuwer en dichter Eppie Dam 70 jier wurden. Hy is in produktyf en alsidich skriuwer; hy skriuwt gedichten, ferhalen, berneboeken, kollums en literêre kritiken. Fierders hat er inkelde jierren redakteur west fan it literêr tydskrift Trotwaer. Yn tsjerklike rûnten hat er namme makke as skriuwer fan eigentiidske teksten fan lieten en liturgyen dy’t passe yn de ferskillende perioaden fan it tsjerklik jier.

Abe de Vries hat spesjaal foar de santichste jierdei in stik skreaun oer Eppie Dam syn redakteurskip by Trotwaer.

It stik begjint sa:
“No’t Eppie Dam – hjir fierder: Eppie – op 5 maart syn santichste jierdei hat, wol ik him by wize fan lyts presintsje in stik oanbiede oer syn krewearjen as redakteur fan Trotwaer.… Lês fierder

Teleks: Tsead Bruinja skriuwt Boekewikegedicht 2023

logo.ensafh

It Boekewikegedicht is dit jier skreaun troch Tsead Bruinja. Syn gedicht ‘Anders ben ik met jou’ waard freedtemoarn publisearre yn deiblêd Trouw, begelaat troch in fraachpetear mei de dichter. Bruinja hat mei syn gedicht in primeur, want it ferskynt yn sawol it Nederlânsk as it Frysk.

It gedicht jout gâns aspekten fan it wêzen wer, dy’t troch it Boekewiketema ‘Ik bin alles’ ek beljochte wurde. It wurdt fan de start fan de Boekewike ôf fia 100.000 Boomerang-kaarten ferspraat en is printe op spesjale linnen tassen dy’t boekhannels en biblioteken kado jouwe.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: It earste Lemsters Diktee moat dúdlik meitsje hoe’t it mei de streektaal stiet

logo.ensafh

Op De Lemmer is freed foar it earst in Lemsters Diktee. Eltsenien dy’t de kennis oer de streektaal wat byspikerje wol, is yn de biblioteek útnûge. Want dat is it doel fan it diktee: omtinken foar de streektaal, dy’t net ferdwine mei.
‘Köle’, ‘disörder’ en ‘skunnen’. It binne wurden dy’t in grut part fan de Friezen net kenne sil. Mar ‘sufferd’, ‘wanorde’ en ‘schoenen’ klinke de measten wol bekend yn de earen. It Lemsters is in streektaal dêr’t noch net sa hiel lang omtinken foar is.

Lês, sjoch en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder