Teleks: Bedrige Pim Lammers krijt stipe fan Fryske skriuwers: “Oanslach op it frije wurd”

logo.ensafh

Auteur Pim Lammers, hikke en tein yn Easterwâlde, luts him sneon werom as skriuwer fan it Berneboekewikegedicht. Hy krige bedrigingen fanwegen in ferhaal fan syn hân út 2015. Dat gie oer in relaasje tusken in jonge en syn trainer. Fryske literêre kopstikken kieze de kant fan Lammers.
It koarte ferhaal fan Lammers ferskynde doetiids yn in literêr tydskrift. It kaam koartlyn wer boppedriuwen doe’t bekend waard dat de auteur it gedicht foar de Berneboekewike foar syn rekken nimme soe. Lammers krige dêrnei tal fan bedrigingen. Dêrneist sette kristlike aksjegroep ‘Gezin in Gevaar’ in petysje op omdat Lammers in ‘pedofile skriuwer’ wêze soe, en Twadde Keamerlid Wybren van Haga kaam tot de konklúzje dat de skriuwer bernemisbrûk ferhearliket.… Lês fierder

Teleks: WOO-fersyk Jongfryske Mienskip oer heechleraar Frysk

logo.ensafh

Wat docht de RuG mei ‘ús jild’?

It Frysk akademysk ûnderwiis stiet ûnder gigantyske druk. De heechleararen Frysk yn Amsterdam en Leien koenen wol fuort en yn Grins begûn de ferskraling fan it universitêre Frysk mei it opheffen fan de iennichste universitêre stúdzje Frysk yn Nederlân. No stiet ek de lêste heechlearaarstoel op ’e wip. En dat wylst de Provinsje Fryslân der alle jierren wol subsydzje foar jout. Wat docht de Universiteit fan Grins mei ús belestingjild? Dat wol de Jongfryske Mienskip witte.

De Jongfryske Mienskip wol dat de Universiteit fan Grins wurk makket fan in folsleine leartstoel Frysk en dêrby de rie fan Goffe Jensma opfolget.… Lês fierder

Teleks: Toneelstuk voor mannen mag niet, omdat er alleen mannen in mogen spelen

logo.ensafh

Studententheatergezelschap GUTS mag zijn nieuwste stuk Waiting for Godot niet in het Groningse cultureel studentencentrum Usva opvoeren. Reden: de auditie voor de vijf mannenrollen stond alleen open voor mannen.

GUTS – dat sinds november bezig is met de voorbereidingen van het stuk dat in maart zou worden opgevoerd – kreeg dit vorige week te horen. Volgens Usva staat een auditieoproep voor alleen mannen haaks op het diversiteitsbeleid van de universiteit.
Clausule

Waiting for Godot is een gerenommeerd absurdistisch theaterstuk uit de vorige eeuw, geschreven door de Ierse (toneel)schrijver en dichter Samuel Beckett. In het stuk wachten twee mannelijke hoofdpersonen op Godot (die nooit komt) en voeren ondertussen existentiële gesprekken.… Lês fierder

Teleks: Literaire wereld verbijsterd door angst van CPNB voor het woord ‘essay’

logo.ensafh

Het woord ‘essay’ schrikt potentiële lezers af, denkt het CPNB. Christiaan Weijts kwam daar achter tijdens een forumdiscussie, waar Maarten Dessing verslag van deed.

Aanvankelijk draaide het debat om de vraag in hoeverre het boekenvak op de knieën moet om nieuwe of incidentele lezers te bereiken. Ofwel: om het essay. Is het een verlies als de tekst die Raoul de Jong voor de Boekenweek 2023 schrijft geen essay meer heet? Christaan Weijts vreesde dat het begrip daarmee op den duur zou verdwijnen – en daarmee de verbinding met de humanistisch-culturele traditie die teruggaat tot Montaigne. ‘Straks mag een roman ook niet meer zo worden aangeduid omdat jongeren daarbij aan romantische diners bij kaarslicht moeten denken.’Lês fierder

Teleks: Poëzywedstriid Dichter fan Fryslân

logo.ensafh

Om Fryske poëzy nei middelbere skoallen te bringen, organisearret Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma in poëzijwedstriid. De fiif bêste gedichten dy’t oan de opdracht foldogge, wurde as poster profesjoneel foarmjûn en ferspraat op alle middelbere skoallen yn Fryslân. De dichters winne dêrby in bedrach fan €200,-. Elkenien kin meidwaan, meardere gedichten ynstjoere mei ek.

De opdracht: skriuw in gedicht op in tema binnen in eksakt fak of saakfak. Dat mei wiskunde, natuerkunde, biology, skiednis, ierdrykskunde, skiekunde of ekonomy wêze. It gedicht moat dêrby as ezelsbrechje tsjinje of de lêzer op in oare manier nei de stof sjen litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Skriuwe foar FeRstival 2023

logo.ensafh

Al jierrenlang docht FeRstival, De Fryske foardrachtwedstriid foar learlingen út it fuortset ûnderwiis, in berop op Fryske dichters. Wa skriuwt in fers foar 12-18-jierrigen dat geskikt is om foar te dragen? Graach stelt Cedin, de organisator fan FeRstival, foar de edysje fan 2023 wer in FeRsefariaasje-bondel gear mei safolle mooglik nije fersen. Ut dy fersen kieze dielnimmers it gedicht foar de foarronde. Dit jier is it ek mooglik om mei te dwaan oan in spesjale skriuwgroep.

In karkommisje giet (anonym) gear oer de fersen. Wurde dy geskikt achte, dan sille se bondele wurde yn FeRsefariaasje. Dat sil nei de simmerfakânsje nei de skoallen stjoerd wurde.… Lês fierder