Ferhalewedstriid ‘Ut ’e bocht’
Boeken fan Fryslân skriuwt in ferhalewedstriid út foar lêzers yn it ramt fan de BoekWinterBoek-ferhalejûn dy’t op freed 10 febrewaris om 20.00 oere yn kafee De Bogt fen Guné yn Frjentsjer holden wurdt. Elkenien wurdt fan herte útnûge in koart ferhaal fan op syn meast 1.000 wurden te skriuwen op it tema ‘Ut ’e bocht’. Ferhalen meie yn it Frysk of yn ien fan de Fryske streektalen oanlevere wurde.
De winner wurdt op de BoekWinterBoek-ferhalejûn yn Frjentsjer bekend makke en mei syn/har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut fuortendaliks in live-optreden tusken de skriuwers fan dizze jûn: Anne Feddema, Koos Tiemersma, Sietse de Vries, Willem Schoorstra en Hylke Speerstra.… Lês fierder