Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.
Sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Geart Tigchelaar is Streekdichter fan Noardeast-Fryslân 2021-2023 en makket foar RIXT by elk fers in filmke.
De Nederlânske oersetting is fan Syds Wiersma.
Sjoch fierder by RIXT… Lês fierder
Yn de treinen en bussen fan Arriva koene je moandei ‘sneldichters’ tsjinkomme. Dy koene noch moai helpe mei de gedichten foar sinteklaasjûn.
“Wy fine it sa no en dan aardich om ús reizgers op in ludike wize te ferrassen. It is pakjesjûn dus dêrom hawwe wy in Fryske sneldichter ynskeakele om moaie last minute gedichten foar minsken te meitsjen”, sa fertelt Jacoba Hoeksma, wurdfierder fan Arriva.
Lês, harkje en sjoch fierder by Omrop Fryslân… Lês fierder
Binnen de Fryske taalfamylje binne it Westerlauwersk Frysk en it Noard-Frysk goed beskreaun. It lytse oerbliuwsel fan it East-Frysk, it Frysk fan Sealterlân, yn Dútslân, komt lykwols al jierren oan ‘e krapperein. De Fryske Akademy docht dêr no wat oan. Dat is ek wol nedich, want de taal stiet tige swak: minder as tsien persint fan de ynwenners fan Sealterlân kin it mear prate.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Die größte Textsammlung des Lyrikers Rainer Maria Rilke ist in Berlin vorgestellt worden. Künftig ist sie im Literaturarchiv Marbach öffentlich zugänglich.
Lês en sjoch fierder by Zeit Online… Lês fierder
‘ôffalige’ is Sipke de Schiffart syn twadde moannegedicht fan novimber 2022.
ôffallige
oait wie de bûnscoach in fromme,
trouwe tsjerkegonger, oant
syn earste frou stoar
hy kearde him ôf fan it leauwen,
sette gjin stap mear yn tsjerke
Lês fierder by RIXT… Lês fierder
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe de advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2023 beneamd. De Gysbert Japicxpriis is de wichtichste Fryske literêre priis, dy’t yn 1947 ynsteld is en tsjintwurdich om it jier útrikt wurdt, ôfwikseljend foar proaza en poëzy. Yn 2023 wurdt de priis takend foar proaza dat yn de perioade 2019-2022 ferskynd is.
Gysbert Japicx
De advyskommisje bestiet út:
• Rieuwert Krol, redakteur fan it literêre weblog Tzum;
• Jelma Knol, redakteur fan tydskriften en boeken en dosint kreatyf skriuwen en skiednis;
• Jarich Hoekstra, oant foar koart heechlearaar Frysk yn Kiel en aktyf as auteur en oersetter.
De namme fan de priis ferwiist nei de Fryske dichter Gysbert Japicx.… Lês fierder
De Ryksuniversiteit Grins sil him ynspanne om sa as gau mooglik in nije heechlearaar Frysk te beneamen. Deputearre Sietske Poepjes en kommissaris fan de Kening Arno Brok ha dat ôfpraat mei foarsitter Jouke de Vries fan it kolleezje fan bestjoer fan de universiteit.
De RUG makke earder bekend dat professor Frysk Goffe Jensma net opfolge wurdt troch in nije heechlearaar, mar troch Anne Merkuur as universitêr dosint yn dieltiid.
Dat beslút wurdt troch in soad minsken sjoen as ‘degradaasje en útholling’ fan de universitêre stúdzje Frysk en kaam de universiteit op in soad krityk te stean. Net allinnich Fryske organisaasjes protestearren, mar ek de polityk is kritysk.… Lês fierder