Teleks: Ek yn 2023 komt de Sutelaksje by jo del!

logo.ensafh

De earste Sutelaksjes fan 2023 stean alwer yn ‘e aginda, mar ek yn oktober en novimber dit jier komt it Fryske boek by jo oan ‘e doar! Op 4 oktober wurdt der troch IIsklup Jorwert sutele yn Jorwert, op 8 oktober komt Filmkafee Bagdad mei Fryske boeken del yn Wergea, op 14 oktober sutelet muzykferiening Crescendo yn Holwert en op 5 novimber is it de bar oan toanielferiening Rjocht en Sljucht yn Gersleat! Sjoch foar aktuele data, tiden en updates op www.sutelaksje.nl.

In moaie ynstruier foar jim klup!
Op www.sutelaksje.nl is te sjen wêr en wannear’t de Sutelaksje by dy yn ’e buert is.… Lês fierder

Teleks: Unike lûdsopnamen digitalisearre: sa praten Friezen hûndert jier ferlyn

logo.ensafh

It Frysk Film & Audio Argyf (FFAA) hat in rige lûdsopnamen út 1927 digitalisearje litten. Dêrop is te hearren hoe’t hûndert jier lyn Frysk praat waard. De opnamen binne fan no ôf ek online te beharkjen.
It giet om de âldste opnamen fan de trije Fryske talen: it Westerlauwersk Frysk, it Noardfrysk en it Sealterfrysk. Dy opnamen steane op 75 skellakplaten, ek wol 78 toerenplaten neamd. De platen hawwe sawat in iuw yn de opslach lein, earst by de Provinsjale Biblioteek (PB) en letter by Tresoar.

Polygoansjoernaal yn it Frysk’
Foar it digitalisearjen wurke it FFAA gear mei de Fryske Akademy (FA) en Tresoar.… Lês fierder

Teleks: Tsead Bruinja tekenet ferhalen âldere Friezen op

logo.ensafh

Fan 6 septimber ôf lûke dichter Tsead Bruinja, muzikant Zea en fotografe Rosa van Ederen by wensoarchynstellingen yn Fryslân del om ferhalen fan âldere Friezen op te tekenjen. Bruinja begûn mei ‘Portretten in Poëzie’ doe’t er Dichter des Vaderlands wie. Troch Ljouwert UNESCO City of Literature kin it projekt no trochgean.

Tsead Bruinja wie yn 2019 en 2020 Dichter des Vaderlands. Yn jannewaris 2019 joech er in workshop oan trije âlderen yn Dokkum. Hy prate mei harren oer frijheid, it tema fan de Poëzijwike fan dat jier, en se makken dêr tegearre gedichten by. Yn 2019 wurke er it projekt út foar oare soarchynstellingen yn Fryslân.… Lês fierder

Teleks: Corona dreunt noch nei yn kwetsbere kulturele sektor, op foarjûn nije seizoen

logo.ensafh

Wer as fanâlds nei it teäter, in konsert of it museum: der is wer folop keuze. It kulturele seizoen giet sneon yn Ljouwert offisjeel fan start mei it evenemint Uit in huis. ‘As fanâlds’ dus, mar de fraach is oft dat sa bliuwt, want de ûnwissichheid oer corona is net fuort.
De turbulinte coronajierren dreune noch flink nei yn de kultuersektor. De museumbesites binne noch net op it âlde nivo en de teäters fernimme dat it publyk in soad op it lêste momint in kaartsje keapet.
Boppedat is der noch de driging fan de opleving fan corona yn de hjerst en de winter.… Lês fierder

Teleks: Lêste grutte toernee Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra

logo.ensafh

De Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra stiet yn ‘e startblokken foar har lêste grutte toernee fan har amtstermyn. Se sil by mar leafst 40 skoallen del yn de gemeente Súdwest-Fryslân dy’t allegear fan harren gemeente de ‘Lêskoffer’ fol Fryske berneboeken kado krigen ha! No freed is de ôftraap op de RK Daltonschool Sint Martinus yn Makkum.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân draacht Fryske gedichten foar op Sardinië

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma draacht tiisdeitejûn Fryske gedichten foar op in ynternasjonaal poëzyfestival yn Sardinië. Mei de gedichten wol se de minsken yn de kunde komme litte mei Fryslân en it Frysk.

In delegaasje fan Italiaanske taalminderheden nûge har yn april út foar it it poëzyfestival yn it plakje Seneghe. “Fia de ambassade wiene sy op wurkbesite yn Fryslân en dêr wie ik ek útnûge mei in gedicht. Sy fûnen it moai en seinen dat ik dat wol by har foardrage koe.”

Oardel oere
Har programma duorret oardel oere. “Yn de foarm fan in ynformeel petear sille wy it ha oer Fryslân, it Frysk.… Lês fierder

Teleks: Dokumintêre ‘NYK’ op NPO2 en Omrop Fryslân

logo.ensafh

Op sneon 3 septimber wurdt om 15.30 oere op NPO2 in portret útstjoerd fan de Amsterdamsk-Fryske dichter Nyk de Vries. As skriuwer en muzikant betinkt er hieltyd nije foarmen en wurket er graach tegearre mei oare artysten. As Dichter fan Fryslân makke er acht poëzyfilms en die er ûnder oare in blokfluit-Alvestêdetocht mei it Cohda Kwartet. Yn de dokumintêre, makke troch filmmakker Herman Zeilstra, wurdt Nyk folge op syn reis nei Kopenhagen dêr’t er optreedt mei de Deenske dichter Carsten René Nielsen. De film is snein 4 septimber om 17.00 oere te sjen by Omrop Fryslân en wurdt dêrnei alle oeren werhelle.… Lês fierder