Teleks: Dichter Jan Dotinga ferstoarn

logo.ensafh

Op 6 augustus is dichter Jan Dotinga ferstoarn. Hy waard yn 1934 berne yn Britsum en groeide op yn it Stienzer Aldlân. As bern hie er al niget oan taal, it begûn mei foardrachten en opstel skriuwen.

Dotinga wurke syn hiele libben yn it ûnderwiis. Nei ferskate banen kaam er yn 1969 as haad oan de kristlike legere skoalle yn Droegeham te stean, dêr’t er oant syn pensjoen bleaun is.

Yn 1965 debutearre er mei de bondel Lytse Ivichheit. Dêr hie er as earste Fryske auteur in rykstalage foar krigen, bedoeld as stipe en oantrún foar jonge keunstners. De fersen binne in poëtysk ferslach fan syn jeugd yn it Stienzer Aldlân.… Lês fierder

Teleks: Skriuwer en dichter Willem Abma (82) ferstoarn

logo.ensafh

Skriuwer en dichter Willem Abma is op 23 july yn Ljouwert ferstoarn. Hy is 82 jier wurden.

Yn 1973 krige Abma de Gysbert Japicxpriis foar de trije dichtbondels De âlde en de leave hear as lead om âld izer, Op libben en dea en Mosken en Goaden, dy’t er ûnder it pseudonym Daniël Daen publisearre hie.
Gerben Willem Abma waard yn 1942 yn Folsgeare berne as jongste bern yn in grutte ortodokse boerehúshâlding. Hy studearre yn Utrecht rjochten, yn Grins teology en die yn 1974 syn doktoraal eksamen yn it lêstneamde fak.
Neidat er jierrenlang learaar wie yn Ljouwert, wurke er sûnt 1987 as psychoterapeut yn Drachten.… Lês fierder

Teleks: Oprop foar lêzingen ‘Taalkundedei 2024’ Fryske Akademy

logo.ensafh

De Fryske Akademy organisearret op freed 25 oktober de 13e Dei fan de Fryske taalkunde. De dei is ornearre foar elkenien dy’t direkt of yndirekt dwaande is mei de taalkunde fan it Frysk. Wa’t op dy dei in lêzing of presintaasje hâlde wol, kin dêrta in foarstel oan de organisaasje takomme litte.

Sjoch foar mear ynformaasje by de Fryske AkademyLês fierder

Teleks: Nij gedicht Dichter fan Fryslân Arjan Hut ‘Simmer offline’

logo.ensafh

‘Simmer offline’ is it nijste gedicht fan Arjan Hut as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân.

Lês fierder by Dichter fan Fryslân

 

*

 

Simmer offline

en de wyn blaast in ûnbestimd liet
en de rein tikket in ferbean boek oer de dakken út

“God nimt foto’s”, sei mem as it wjerljochte

ik bin mar in ienfâldige Fries
net geskikt foar wurk op kantoar
ûnhandich mei de holle
en hannen

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Tresoar wol bûtenlân oertsjûgje fan UNESCO-status hânskriften: “Fingers kruse”

logo.ensafh

De Richthofenkolleksje mei Alfryske hânskriften moat ek mei in ‘joint nomination’ op de list mei ynternasjonaal wrâlderfgoed fan UNESCO. Dat wol Tresoar, dat no aktyf kontakt siket mei oare argiven.
Eins binne de earste stappen al yn 2022 set, doe’t de samling al de status UNESCO Memory of the World krige, op foardracht fan Nederlân.
Troch sa’n status kinne weardefolle argiven, kolleksjes en wurken better bewarre en tagonklik makke wurde.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Fryske siswizen by rêstpunten foar fytsers en kuierders

logo.ensafh

De Fryske taal fertsjinnet it om sawol foar ynwenners as foar besikers fan Fryslân sichtberder te wêzen. Yn de provinsje Fryslân kinne kuierders of fytsers sa’n hûndert rêstpunten opsykje. De kâns is grut dat men dêr no Fryske siswizen tsjinkomt yn ’e foarm fan in buordsje mei útlis oer de betsjutting.

Om de Fryske taal breder sichtber te meitsjen hawwe de Toerisme Alliânsje Fryslân, Afûk, Merk Fryslân, Rekreaasjeskip Marrekrite, Stichting Rustpunt en de Provinsje Fryslân de hannen yninoar slein om dat mooglik te meitsjen. Under it biedwurd ‘it is mei sizzen net te dwaan’ is it projekt Fryske Sprekwurden yn fjouwer moanne troch de oanbelangjende partijen realisearre.… Lês fierder

Teleks: Acht winners fan Rely Jorritsmapriisfraach 2024

logo.ensafh

Trije ferhalen en fiif gedichten wurde dit jier bekroand mei
in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘Boat’ fan Jilt Jorritsma
(Eindhoven), ‘Wollekje’ fan Geert Nauta (Ljouwert) en ‘De skroei fan ’e loop’ fan Koos Tiemersma (Drachten).
De winnende gedichten binne ‘Waskersfersen’ fan Erik Betten (Dronryp), ‘servus’ fan Fedde Douwes Dijkstra (Ljouwert), ‘Yn elke hertslach’ fan Wietze Numan (Drachten), ‘mummy’ fan Gerrit de Vries (Schiedam) en ‘fiere wake’ fan Syds Wiersma (Bears).

It is dit jier de 70ste kear dat de Rely Jorritsmaprizen útrikt wurde. Der wiene 89 ynstjoeringen ynkommen, 51 gedichten en 38 ferhalen. De sjuery bestie út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer.… Lês fierder