DINGtiid uteret soargen yn brief oan DS oer oankundige grutskalige besunigings op Fryske taal en kultuer
Koartlyn ha Deputearre Steaten grutskalige besunigings fan 2025 ôf oankundige. Foar Fryske taal en kultuer giet it om 1,6 miljoen it jier op strukturele middels, dy’t no 10,3 miljoen berinne.
DINGtiid tidiget derop dat Deputearre Steaten taljochtsje hoe’t hja tinke de besunigings útfiere te kinnen sûnder de takomst fan de taal skea te dwaan, en mei dy taljochting net te wachtsjen oant it steatedebat oer de begrutting foar 2023, it jier dêr’t Ryk en Provinsje in nije BFTK yn ûntwerpe sille, foar de perioade 2024-2028.… Lês fierder