Dizze maitiid soe de Simke Kloostermanpriis útrikt wurde oan I.E. Bloem foar It neidiel fan ‘e twivel, mar dat gie troch omstannichheden net troch. Dy priis is foar oarspronklik Frysktalige berne- en jeugdboeken. Ien dy’t in soad foar de Fryske berneliteratuer betsjutten hat, is Diet Huber (1924-2008). Dêr komt by dat dit jier ek foar it earst de Diet Huberpriis takend wurdt, oan de makker fan de bêste yllustraasjes fan in yn boekfoarm ferskynd Frysk berneboek. Dêrom is in nij dossier oer Diet Huber oanlein. Sigrid Kingma, op dit stuit Dichter fan Fryslân, is de ôfrûne tiid yn gien op it wurk fan Huber.… Lês fierder
Teleks
Teleks: Utstalling oer taalminderheden Dútslân yn Leer
Wolle jo witte hoe’t it Sealterfrysk klinkt? Hoe’t de Noardfriezen libje? Hoefolle Sorben oft der binne? Wat de lânseigen Deenske befolking fan Noard-Dútslân dwaande hâldt? Dan kinne jo de kommende tiid te plak yn it East-Fryske Leer.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Teleks: Bibliotheken stimuleren kinderen om te blijven ‘Vakantielezen’
Sins juli hebben 93 bibliotheekorganisaties in heel Nederland de zomerleescampagne voor kinderen gelanceerd: Vakantielezen. De campagne is gericht op kinderen van 6 tot 9 jaar en stimuleert hen om tijdens de vakantie vooral te blijven lezen. Zes bekende kinderboekenauteurs schreven speciaal voor dit leesproject verhalen. Gedurende de hele zomer kunnen kinderen met hun ouders via Vakantie-lezen.nl of in een deelnemende bibliotheek fictieve vakantielanden bezoeken om hun leesniveau spelenderwijs op peil te houden.
Lês fierder by Nationaleboekenblog… Lês fierder
Teleks: LIT-UP – nij Europeesk projekt foar promoasje fan literatuer yn minderheidstalen
Boeken fan Fryslân en Ljouwert City of Literature binne sûnt dizze simmer partner yn in nij Europeesk projekt: LIT-UP. It doel? Ta nije strategyen komme om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes yn Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.
“It projekt rjochtet him op útjouwerijen, skriuwers en boekpromoasje-organisaasjes en stimulearret gearwurking, kennisútwikseling en profesjonalisearring tusken de dielnimmende regio’s en de ferskillende beropsgroepen”, fertelt Mirjam Vellinga.
Lês fierder by It Nijs… Lês fierder
Teleks: Sytse Jansma nei Transpoesie (bywurke)
Sytse Jansma nei it ynternasjonale poëzijfestival Transpoesie
Foar de tolfde kear wurdt yn Septimber yn Brussel it Transpoesie Poëzyfestival organisearre. Nei Janneke Spoelstra (2018), Elmar Kuipers (2019), Nyk de Vries (2020) en Cornelis van der Wal (2021) sil Fryslân dit jier fertsjintwurdige wurde troch Sytse Jansma. Hy sil op 26 of 27 septimber in optreden fersoargje, yn it kader fan de Europeeske Dei fan ’e Talen.
Sytse Jansma (1980) wennet yn Harns en dichtet net allinnich yn it Frysk en Nederlânsk, mar is ek byldzjend keunstner.
Syn Frysktalige debútbondel “Wa’t tate seit moat ek whisky sizze” kaam út yn 2008. Syn twadde bondel, “As nomaden yn tinten teplak / Als nomaden in tenten terecht”, út 2015, wie twatalich.… Lês fierder
Teleks: Nij Merkgedicht Geart Tigchelaar
‘Ferline wike woansdei haw ik wer mei in gedicht op ‘e merk rûn. Diskear mei in fers fan Jan H. Woudstra. Sa’t in bûtenlânske toerist sei: “It’s a good day for a summer breeze.”’
Lês en sjoch fierder by Geart Tigchelaar… Lês fierder
Teleks: Ljouwerter skriuwer wol omtinken foar syn boek: “Ik heb een soort zendingsdrang”
De Ljouwerter auteur Machiel Hoek hat trije wike lang op sneons in heale pagina advertinsje kocht by deiblêd NRC om syn boek ûnder de oandacht te bringen fan resinsinten en it publyk.
De earste advertinsje, dy’t er sels betellet, stiet dizze sneon yn de krante. Syn boek Het meisje dat de wereld veranderde is in pear moannen út en te keap, mar it is noch net besprutsen. Hoek hopet dat dat mei de advertinsjes feroaret.
“Ik heb er zoveel jaren van mijn leven in zitten en heb er zoveel voor opgegeven. Hopelijk brengt dit het een stap verder. Mijn hele ziel en zaligheid ligt erin”, seit Machiel Hoek.… Lês fierder