Teleks: Besprek ‘Mijn moeder is nog maagd’ fan Hindirk Hannema

logo.ensafh

“Ik heb het nog wel op mijn c.v. staan
onder hobby’s. Wereldheerschappij.”

“Excellentie, wanneer is er een meeloopdag
voor toekomstige generaals?”

Soms lees je een bundel die nergens anders mee te vergelijken is, behalve met andere bundels die nergens anders mee te vergelijken zijn. Zulke bundels zijn zeldzaam en kenmerken zich meestal door een obsessieve conceptuele aanpak. “Mond is spruitje” van Jan Bais, een bundel uit 2008, die het volledige leven codeert als computerprogramma, in programmeertaal, is bijvoorbeeld zo’n bundel.

“Mijn moeder is nog maagd” (2021) van de dichter en poetry slammer Hindirk Hannema is ook zo’n bundel. De tweetalige bundel (Fries en Nederlands) is hilarisch, tragisch en graaft diep in het thema macht en onmacht.… Lês fierder

Teleks: Ryksuniversiteit Grins hat fakatuere foar heechlearaar Frysk

logo.ensafh

De Ryksuniversiteit Grins hat hjoed in fakatuere publisearre foar in opfolger fan Goffe Jensma as heechlearaar Fryske taal- en letterkunde. It moat ien wêze dy’t betûft is yn de frisistyk, mar ek yn it oanfreegjen fan subsydzjes, it lesjaan en it begelieden fan promovendussen. Hy of sy moat boppedat goede politike kontakten hawwe en njonken it Frysk ek it Nederlânsk of Ingelsk goed behearskje.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Corry Boelens (1946-2022) ferstoarn

logo.ensafh

Op 19 maaie is Corry Boelens ferstoarn. Boelens wurke lange tiid yn de soarch, mar sei dat wurk op doe’t se fyftich waard. Se hie doe omtrint it lêste ûnderdiel fan har stúdzje Frysk helle, it didaktysk foech, en sa waard se lesjouwer by de Afûk. En se begûn mei skriuwen, neffens wat se har altyd al foarnommen hie. Se fersoarge fierder gauris ynliedings oer Fedde Schurer en makke diel út fan de skriuwersploech HYSP. Foar it Frysk Deiblêd skreau sy in tal boekresinsjes.Ek fersoarge se in skoftlang de lede-administraasje fan de KFFB, dêr’t se ek as skriuwer en skathâlder aktyf foar wie.… Lês fierder

Teleks: Oantins oan Aant Mulder (1945-2022)

logo.ensafh

Nei in slimme sykte stoar op 8 maaie 2022 Aant Mulder yn syn wenplak Balk. Foar my en foar in protte oaren wie hy ien fan de ikoanen yn de striid foar net allinnich goed Frysk ûnderwiis, mar ek foar oare kwestjes dy’t Fryslân en de Fryske taal oanbelangje.

Twa jier haw ik les fan him hân, winterdeis mei in groep kursisten yn Ljouwert, op in kursus fan de Afûk. It tema wie net grammatika, nije stavering of skriuwe, mar taal, skiednis en kultuer, dêr’t de earst neamde ûnderwerpen dúdlik ek yn op it aljemint kamen. It wie aardich dreech, benammen foar my, omdat ik net mei it Frysk grut wurden bin, mar wy sloegen ús der trochinne.… Lês fierder

Teleks: Arcadia siket lietteksten

logo.ensafh

Tiidmasine is it lieteprojekt oer de Fryske skiednis fan Arcadia, dat útfiert wurdt troch Jeroen Seinstra (gitarist en komponist fan de Hûnekop) en Theo van der Veer (Audiosport Records, Veer Agency) en Keunstwurk.

En jim!

Foar Tiidmasine wurde ferskes makke dy fertelle oer de Fryske skiednis sjoen troch de eagen fan de gewoane man en frou út dy tiid. Net allinnich wol Tiidmasine moaie ferskes meitsje, in album útjaan en in liveshow ûntwikkelje mar just ek mear omtinken jaan oan dy Fryske skiednis. Want witte Friezen eins wol genôch oer harren ferline, genôch om ek nei de takomst te sjen.… Lês fierder

Teleks: Berneboekewikegeskink dit jier ek yn it Frysk

logo.ensafh

It Berneboekewikegeskink fan bestsellerauteurs Andy Griffiths en Terry Denton, bekend fan de populêre rige De waanzinnige boomhut, krijt ek in Fryske fertaling. Neist dat it yn de 68-jierrige skiednis fan de Berneboekewike de earste kear is dat in bûtenlânske auteur en yllustrator it geskink fersoargje, is it ek foar it earst yn de skiednis fan de Berneboekewike dat der in Fryske fariant fan ferskynt.

Lês fierder by Boeken fan FryslânLês fierder