Teleks: Stien mei fers ‘Smokkelbern’ fan Syds Wiersma ûnthuld

logo.ensafh

Een in steen gebeiteld gedicht bij het station van Leeuwarden herinnert voor altijd aan de Joodse smokkelbern en hun redders.

Bij het treinstation van Leeuwarden werd donderdagmiddag het in een tegel gegraveerde gedicht It smokkelbern onthuld. Het is een blijvende herinnering aan de Joodse kinderen die tijdens de Tweede Wereldoorlog werden gered doordat ze in Fryslân een onderduikadres kregen.

Lês en sjoch fierder by it Friesch DagbladLês fierder

Teleks: De Diet Huberpriis foar yllustratoaren ynsteld

logo.ensafh

De Diet Huberpriis: in priis ynsteld foar yllustratoaren fan Fryske berneboeken

Neist de Simke Kloostermanpriis foar de skriuwer fan it bêste Fryske berne- of jongereinboek is der no ek in priis foar de bêste Fryske yllustrator: de Diet Huberpriis. De priis is neamd nei (berneboeke)skriuwster en yllustratrise Diet Huber (1924-2008), bekend fan û.o. it faak werprinte Tutte mei de linten (1955; 12e printinge 2012). De priis, besteande út in bedrach fan € 2000 en in oarkonde, wurdt ienris yn de trije jier takend en is yn it libben roppen troch de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD), dy’t foar dit doel in anonime skinking krigen hat.… Lês fierder

Teleks: Dichter fan Fryslân útnûge foar literêr festival yn Sardinië

logo.ensafh

Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma is útnûge foar in literêr festival op Sardinië. Dat hearde se tiisdeitejûn by in besite fan in delegaasje fan Italiaanske taalminderheden oan Fryslân.

De fertsjintwurdigers fan trije taalminderheden út Italië wurde dizze wike ûnderdompele yn de Fryske kultuer. Se binne hjir op útnûging fan de Nederlânske ambassade yn Rome. Moandei wiene se by Omrop Fryslân en tiisdei by teäterselskip Tryater yn Ljouwert.

It fers fan Kingma wie foar de besite oerset yn de minderheidstalen Sardysk, Friûlysk en Ladinysk. Dy ferskate ferzjes waarden foardroegen yn it Tryatergebou. Foar Kingma kaam dat ek as in ferrassing: “It wie moai.… Lês fierder

Teleks: Werhelle oprop fan de iepenstelling fan de 68ste Rely Jorritsma-priisfraach

logo.ensafh

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15
maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de
ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif
fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei
1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan
rely@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail
fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Rianne
Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra. Foar mear ynformaasje
sjoch de webside www.stiftingflmd.frl… Lês fierder

Teleks: Bettere beleanning en promoasje fan Fryske skriuw(st)ers

logo.ensafh

It bestjoer fan it Skriuwersboun hat justerjûn yn Tresoar it rapport fan harren Wurkgroep Honoraria presintearre. Yn dit rapport stean in tal fan advizen om de Fryske skriuw(st)ers te stypjen:

a) minimum-tariven foar optredens en wurk yn opdracht
b) de oanbefelling om wer 50% fan de royalties as foarskot te freegjen yn it kontrakt mei de útjouwer
c) Boeken fan Fryslân te fersterken troch bettere en mear promoasje te meitsjen foar de Fryske literatuer troch jierliks in tal spearpuntboeken sa grut mooglik yn it publike domein te promoatsjen

It folsleine einrapport is taheakke yn de mail. It plan waard goed ûntfongen troch de oanwêzige minsken en organisaasjes yn de seal, lykas Pier Bergsma, foarsitter fan de Rie fan de Fryske Beweging.… Lês fierder