Teleks: Skriuwersfakskoalle – start septimber 2024

logo.ensafh

Dyn literêre talint ûntwikkelje? Dan bist wolkom by de Skriuwersfakskoalle, in gearwurking fan Ljouwert UNESCO City of Literature, Tresoar en de Schrijversvakschool. Op woansdei 25 septimber set it lesblok Skriuwtechniken A wer útein by Tresoar yn Ljouwert. Op woansdei 10 july en woansdei 11 septimber binne der fergees tagonklike yntroduksjelessen.

Yn it lesblok Skriuwtechniken A komst yn ’e kunde mei de eigen skriuwstyl, learst om te eksperimintearjen, om te doaren, om it Frysk as skriuwtaal te brûken. Elkenien kin meidwaan oan de lessen Skriuwtechniken A, om út te probearjen of it skriuwen en de Skriuwersfakskoalle echt wat foar dy is.

De Skriuwersfakskoalle is in mearjierrige oplieding en wurket mei in fêst kurrikulum: nei it lesblok Skriuwtechniken A is it mooglik Skriuwtechniken B te folgjen.… Lês fierder

Teleks: ‘Fear yn ’e Broek’ foar Sake P. Roodbergen

logo.ensafh

De Ried fan de Fryske Beweging hat besletten om de saneamde Fear yn ’e Broek dit jier út te rikken oan Sake P. Roodbergen út Akkrum. De Ried kent de Fear jierliks ta oan persoanen of ynstellingen dy’t har tige fertsjinstlik meitsje op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De priis is fan ’e middei útrikt op de earste Bewegingsdei fan de Ried yn De Bres yn Ljouwert.

Lês fierder by GoeieLês fierder

Teleks: Martsje de Jong wint Fryske SLAM 2024

logo.ensafh

Martsje de Jong krige justerjûn yn kafee De Gouden Leeuw yn Tresoar de measte publyksstimmen yn de finale fan de Fryske SLAM 2024. Dêrmei waard sy de bêste poëzijslammer fan 2024. Sigrid Kingma waard twadde. De Fryske SLAM soarge lykas ferline jier ek diskear wer foar in rekôr oantal besikers foar kafee De Gouden Leeuw; sa’n hûndert man publyk wie tsjûge fan de foardrachtswedstriid.

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Nij fers Dichter fan Fryslân Arjan Hut ‘Sinneljocht op in muorre yn ’e stêd’

logo.ensafh

 

 

 

 

Sinneljocht op in muorre yn ’e stêd

Earst it wûnder fan it praten
De keamersdoarren iepen. In tonge jout oan de dingen lûd
Klanken klonterje ta wurden gear. Stilte krûpt hjirtusken,
driuwt de wurden útmekoar. Dan giet it hurd
Taal wurdt grutter en mear, en moai sa,
binne we net allegear te unyk
foar ienheidswoarst?

Lês fierder by Dichter fan FryslânLês fierder

Teleks: Petysje tsjin besunigingen Frysk oanbean oan de provinsje

logo.ensafh

Woansdeitemoarn 19 juny, foar it Steatedebat, waard ûnder grutte belangstelling fan oanwêzige Steateleden de petysje tsjin de besunigingen op it Frysk yn ûntfangst nommen troch kommissaris Arno Brok. De Fryske Beweging hie de petysje opsteld en fia dizze side en de sosjale media wie de oprop dien oan minsken om te tekenjen.

Woansdei besleat de provinsje oer de Taalnotysje ‘Fansels Frysk’. Dêr steane moaie plannen yn dy’t it Frysk foarút helpe kinne. Mar Deputearre Steaten hawwe it jild der net foar oer en wolle sels besunigje op organisaasjes lykas Omrop Fryslân, de Afûk en Mercator.

Lês fierder by GoeieLês fierder