Teleks: Oprop foar masterskripsjes oangeande Fryske taal en kultuer

logo.ensafh

Universitêre studinten kinne harren masterskripsje ynstjoere foar de Skripsjepriis 2020-2022 fan de Fryske Akademy. It bêste skripsjeûndersyk op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer wurdt beleanne mei tûzen euro. De priis wurdt ien kear yn de twa jier útrikt.

Masterskripsjes kinne oant 1 juny 2022 ynstjoerd wurde foar de Skripsjepriis, dêrfoar moat wol in tal betingsten foldien wurde. It ûnderwerp fan ’e skripsje moat lizze op it mêd fan ’e Fryske taal en kultuer, lykas Fryske taal- en letterkunde, skiednis of sosjale wittenskippen. De skripsje moat skreaun wêze (en goedkard troch de oplieding) nei 1 juny 2020 en foar 1 juny 2022.… Lês fierder

Teleks: Pyt van der Zeepriis nei Wybo Smids

logo.ensafh

De Pyt van der Zeepriis foar amateurtoaniel giet dizze kear nei akteur Wybo Smids. Hy krige de priis yn Stedsskouboarch de Harmonie út hannen fan deputearre Sietske Poepjes útrikt.

Utrikking Pyt van der Zeepriis 2022 (foto: Xanne Vera)

De Pyt van der Zeepriis wurdt troch de provinsje Fryslân ien kear yn ’e trije jier útrikt oan de persoan of organisaasje, dy’t yn dy perioade fan bûtengewoane betsjutting west hat foar it amateurtoaniel yn Fryslân. De sjuery hat unanym keazen foar Wybo Smids. Wybo Smids hat in grut hert foar it Fryske amateurtoaniel.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Utnûging skriuwersworkshop ‘Under Wetter Kuierferhalen’

logo.ensafh

Utnûging skriuwersworkshop

Meikoarten spilet Tryater de foarstelling Under Wetter op de iisbaan fan Wergea. By de foarstelling wurdt in oanfoljend programma (Tryater Rûnom) organisearre foar ynteressearre skriuwers. Do sjochst de foarstelling en dochst mei oan in skriuwworkshop. Uteinlik wolle we dyn skreaune tekst hearre litte by in ynteraktive ferhalerûte.

Wat we dogge
Kenst noch it krassende lûd fan Fryske houtsjes? Kinst dy noch heuge dat hiele lange iispylken oan de daksgoate hongen? Wat is dyn wWat we doggeaarmste iisoantinken? By de workshop fertelt Wessel de Vries, de skriuwer fan it stik, oer it kreative proses fan de teatertekst. Dêrnei silst mei workshopdosint Sytse Jansma sels op syk nei waarme iisferhalen fan eartiids, fan no en fan de takomst.… Lês fierder

Teleks: Keunstners byinoar foar Oekraïne: “De wapens swije litte mei dichtrigels”

logo.ensafh

Skriuwers, dichters en muzikanten kamen snein by elkoar foar de frede. Yn ytkafee De Basuin efter it Ljouwerter stasjon waarden ferhalen en gedichten foardroegen en muzyk spile.
Njonken de ferneamde keunstners fan Fryslân diene ek learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé mei. “It is tige wichtich dat we de jongeren derby belûke”, seit inisjatyfnimmer Syds Wiersma dy’t weromsjocht op in slagge aksje. Der waard mear as tûzen euro foar Giro 555 ophelle.

Lês en sjoch fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Petear mei Jacobus Smink

logo.ensafh

De Friese dichter en boekenvertaler Jacobus Smink en oud-winnaar van de Gijsbert Japicxpriis woont sinds kort weer in zijn geboorteplaats Sondel, waar hij opgroeide als zoon van een paardenfokker.

,,Ik bin koartlyn better wurden fan in longontstekking, der ik as COPD-patiënt faker mei te mei te stellen hân ha. Dizze kear ha ik sein dat ik net mear werom woe nei myn wenpllak Eindhoven, mar yn Fryslân bliuwe woe om te revalidearjen. Der njonken woe ik yn de buurt wêze fan myn frou Anja, dy’t yn Sondel begroeven leit.

De 68-jarige Smink woont totdat hij een woning heeft toegewezen gekregen voorlopig bij zijn zuster en haar man in huis.… Lês fierder

Teleks: Alpita de Jong winner fan de dr. Joast Halbertsmapriis 2022

logo.ensafh

Alpita de Jong hat de dr. Joast Halbertsmapriis 2022 krigen. De Jong wie earder redakteur fan ensafh.

Omrop Fryslân: Skriuwster Alpita de Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis foar de biografy dy’t se oer Halbertsma skreaun hat. De Fryske skriuwster siet by de lêste fiif nominearren, fan 200 ynstjoerde wurken foar de priis.
It kolleezje fan Deputearre Steaten hat dat tiisdei besletten, op advys fan in ûnôfhinklike sjuery. De Jong krijt de dr. Joast Halbertsmapriis fan 2021 foar har wurk: Joost Halbertsma 1789 -1869; In biografy.

Dit wiene de nominearren.… Lês fierder