Teleks: Oprop 13-03-2022 ‘OPTREDE FOAR DE FREDE’

logo.ensafh

OPTREDE FOAR DE FREDE
SNEIN 13 MAART
12.00 – 14.30 OERE
PLAK: YTKAFEE DE BASUIN
Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert
skriuwers, dichters en muzikanten
litte in artistyk tsjinlûd hearre

Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en City of Literature Ljouwert organisearje kommende snein 13 maart in kulturele manifestaasje foar de frede.
Skriuwers, dichters en muzikanten komme byinoar yn ytkafee De Basuin (achter it Ljouwerter stasjon) en foarmje in line-up mei koarte optredens.
Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei.
De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke, haadredakteur fan De Moanne.
Elkenien is tige wolkom.
De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555.… Lês fierder

Teleks: Heerenveen jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen yn de gemeente

logo.ensafh

Heerenveen jout Lêskoffer fan Berneboeke-ambassadeur kado oan alle basisskoallen yn de gemeente

Alle 30 basisskoallen yn de gemeente Heerenveen krije de Lêskoffer fergees besoarge, mei dêryn tsien Fryske berneboeken foar alle leeftiden. Wethâlder Hedwich Rinkes naam moandei 7 maart op Het Vogelnest op It Hearrenfean de earste Lêskoffer yn ûntfangst fan Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra. Oanslutend fersoarge de Berneboeke-ambassadeur in les yn ien fan de groepen op Het Vogelnest. Dêrneist wurde yn maart yn It Hearrenfean en Jobbegea noch ynspiraasje-workshops foar learkrêften organisearre.

Berneboeke-ambassadeur Lida Dijkstra: “Fantastysk dat de gemeente Heerenveen it foartou nommen hat om yn ien klap alle basisskoallen de Lêskoffer mei Fryske berneboeken kado te jaan.… Lês fierder

Teleks: Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2022

logo.ensafh

Sjueryleden fan de Simke Kloostermanpriis 2022 Arjan Hut, Martsje de Jong en Jant van der Weg hawwe 40 Fryske berne- en jongereinboeken trochnommen dy’t skreaun binne yn de jierren 2019-2020-2021. Unôfhinklik fan elkoar kamen sy ta fierhinne deselde list mei favoriten. Sadwaande hat de sjuery yn grutte ienriedigens fiif boeken nominearre foar de priis.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: Smellingerlân siket nije Gemeentedichter

logo.ensafh

De gemeente Smallingerland is op zoek naar een nieuwe gemeentedichter. De huidige gemeentedichter, Mark Spijkers, neemt dit voorjaar afscheid. Wie volgt hem op en mag in de komende twee jaren bij bijzondere gelegenheden of gebeurtenissen gedichten schrijven en voordragen?

De gemeente zoekt een creatief persoon die met zijn of haar gedichten de inwoners van Smallingerland met een andere, frisse blik laat kijken naar het dagelijks leven in de gemeente. Deze man of vrouw hoeft geen professioneel dichter te zijn. Wel is het nodig dat de nieuwe dichter in Smallingerland woont of werkt en minimaal 18 jaar oud is.

“Onze opdracht voor de gemeentedichter is minimaal vijf gedichten per jaar te schrijven en eventueel voor te dragen.… Lês fierder

Teleks: Petear mei Willem Tjerkstra

logo.ensafh

Willem Tjerkstra skriuwt Fryske Odyssee: “Foar my is der gjin god mear”

Skriuwer Willem Tjerkstra (78) fan Snits sette nei syn pensjoen útein mei syn masterwurk ‘In Fryske Odyssee’: in syktocht yn 27 dielen nei de sin fan it bestean.
Willem Tjerkstra – Foto: Omrop Fryslân, Froukje Sijtsma

Wat is de sin fan it libben en mei watfoar doel binne wy op ierde? It is de libbensfraach dêr’t alle grutte filosofen, skilders en keunstners harren al iuwen en iuwen oer bûgje.

De 78-jierrige Willem Tsjerkstra fan Snits docht ek in goai. Mei syn Fryske Odyssee besiket er in antwurd te finen op dizze eksistinsjele fraach.… Lês fierder

Teleks: Bibliotheek per 1 juli 2022 gratis voor de jeugd

logo.ensafh

Vanaf 1 juli 2022 kan iedereen onder de 18 jaar in heel Nederland, inclusief de BES-eilanden, gratis lid worden van de bibliotheek. De Eerste Kamer heeft hier op 22 februari unaniem voorgestemd, waardoor de wetswijziging van het ministerie van Onderwijs, Cultuur en Wetenschap definitief is aangenomen. De VOB ziet deze wetswijziging als een belangrijke stap voor de ambitie van de sector om te groeien van 4 miljoen leden naar 8 miljoen bibliotheekgebruikers.

Lês fierder by BibliotheekbladLês fierder