Fan jongs ôf oan hawwe se my al yn de besnijing. Hoe’t se yn myn jeugd by ’t hjerst foar de kjeld út fleagen, my de winter brochten. Ik hâld fan winter. Faak woe ’k as bern yn sa’n formaasje wol mei werom nei harren thúslân fleane. Soms, om oan lyts fertriet te ûntkommen, mar meastal om aventoeren te belibjen. Letter woe ’k sá by harren keppel oanslute om tsjustere tiden te ûntflechtsjen. Mar op in seker moment wist ik; der is gjin ûntkommen oan, bist op eigen krêft oanwiisd.
En dochs soe ‘k, ek no noch, sa mei de guozzen meifleane wolle.… Lês fierder