Teleks: Frysk ûnderwiismateriaal tenei op ien plak te finen

logo.ensafh

 

De nije webshop fan Taalplan Frysk 2030 is moandei iepene. Yn de webshop is fan no ôf al it materiaal foar it Frysk ûnderwiis op ien plak te finen.

Ferskate Fryske taal- en ûnderwiisynstellingen wurkje gear om al it materiaal dat der foar Frysk ûnderwiis en ûnderwiis yn it Frysk beskikber is, op ien plak oan te bieden. Yn in nije webshop binne no boeken, lesmateriaal en promoasjemateriaal te finen foar skoallen yn alle ûnderwiissektoaren, op alle nivo’s.

It doel is it sichtber meitsjen fan it Frysk, it Frysk lêzen te befoarderjen en om te helpen it fak Frysk, en fakken yn it Frysk foarm te jaan.… Lês fierder

Teleks: Earste moannegedicht Bennie Huisman by RIXT ‘it liet fan it freegjen’

logo.ensafh

Bennie Huisman is dichter fan de moanne Febrewaris by RIXT.  Syn earste fers is it liet fan it freegjen.

it liet fan it freegjen

hoe let bist thús? in fraach fan alle dagen
dy’t sa fanselssprekkend frege wurdt
mar achter wat fansels sprekt lizze fragen
oer wat ‘thús’ no eins foar ús betsjut
is it in hûs, in hiem, in doarp, in krite?
in oar, in leafde, in famyljebân?
is it in taal, oertsjûging of in myte?
mei flagge-en feest, it bêste lân? it heitelân?

Lês en harkje fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Earste eksimplaar fan Amanda Gormans ‘De hichte beklimme wy’ presintearre yn it Provinsjehûs

logo.ensafh

 

Op it provinsjehûs yn Ljouwert is freed de Fryske oersetting fan it ferneamde ynhuldigingsfers ‘The Hill we Climb’ fan Amanda Gorman presintearre. Minskerjochte-aktivist Gorman droech it fers op 20 jannewaris ferline jier foar, doe’t Joe Biden ynstallearre waard as presidint fan de Feriene Steaten.
Foto: Omrop Fryslân

De Fryske oersetting ‘De hichte beklimme wy’ is makke troch Friduwih Riemersma en sensitivity reader Michelle Samba. It earste eksimplaar waard troch kultuerdeputearre Sietske Poepjes útrikt oan de nasjonaal koördinator tsjin rasisme en diskriminaasje, Rabin Baldewsingh.

Lês en harkje fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Fjirtich titels foar de Simke Kloostermanpriis

logo.ensafh

De Simke Kloostermanpriis foar it bêste berneboek wurdt yn 2022 foar de fjirtjinde kear útrikt. De sjuery, besteande út Wâlddichter Arjan Hut, berneboekespesjalist Jant van der Weg en skriuwer Martsje de Jong, bûget har oer de 40 oarspronklik Fryske wurken dy’t yn de ôfrûne trije jier ferskynd binne. De priis fan €5000,- en bygeande hânmakke oarkonde wurdt op freed 20 maaie troch kommissaris fan ‘e Kening Arno Brok útrikt yn de Petrustsjerke yn Twizel.

Lês fierder by RTV NoordoostLês fierder

Teleks: H. Heeringa-Seepma (1919-2022) ferstoarn

logo.ensafh

Op 6 febrewaris is Heabeltsje Heeringa-Seepma ferstoarn. Se begûn mei it skriuwen fan gedichten en gelegenheidswurk, foar bygelyks brulloften. It folgjen fan in kursus ferhalen skriuwen en Fryske les stimulearre har om fersen en ferhalen yn te stjoeren nei streekblêden yn de buert en nei de bernerubryk yn it Friesch Dagblad. Se debutearre nei har fjirtichste yn boekfoarm mei it berneboek Sa’n koartkop (1960).

Lês fierder by SirkwyLês fierder

Teleks: EBLT, Mercator en Slieker hawwe premjêre fiiftalige film op Memmetaaldei

logo.ensafh

Op 21 febrewaris is it de Ynternasjonale Memmetaaldei, in inisjtatyf fan de Feriene Naasjes. Yn it ramt dêrfan organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn ’e mande mei Slieker Film de Nederlânske premjêre fan de meartalige film Der Krug an der Wiedau/Æ kro ve æ Virå/ E krouf bai e Wiidou/ De Krooch an de Wiedau/ Kroen ved Vidåen.

Lês en sjoch fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Petear mei Willem Winters

logo.ensafh

Willem Winters wol de werklikheid in triuw jaan. Hy hâldt op mei syn útjouwerij Perio, mar syn geast is noch net útboarte.

Willem Winters hâldt op mei syn útjouwerij Perio. By Hispel ferskynt Sjen, in mânske blomlêzing út syn wurk. Mar neam dit gjin ôfskied. ,,Ik bin fan doel om noch wol wat te skriuwen.”

Lês fierder by de LCLês fierder