Teleks: Liza Prins dûkt yn libben en wurk fan Tiny Mulder

logo.ensafh

Liza Prins is de earstfolgjende keunstner dy’t by Keunsthûs SYB foar in residinsje te gast is. Fan 7 febrewaris o/m 20 maart dûkt se yn it libben en wurk fan Tiny Mulder.

Tiny Mulder (1921-2010) wie skriuwster, dichteresse, sjoernaliste en lid fan it Fryske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch. Har fêsthâlden oan it skriuwen yn it (Westerlauwersk) Frysk, in taal dy’t inkeld sprutsen en begrepen waard troch rûchwei 700.000 minsken, as in died fan ferset tsjin nasjonalistyske streamingen dy’t de ferneatiging fan lokale kultueren ta gefolch hiene, foaral yn de fjirtiger jierren, luts Liza Prins har omtinken.

Yn har residinsje ûndersiket frou Prins it idee fan taal as ferset, mei de Fryske taal as in spesifyk situearre foarbyld dêrfan yn in Nederlânske kontekst.… Lês fierder

Teleks: Rely-priisfraach 2022 iepensteld

logo.ensafh

Rely-priisfraach 2022 iepensteld

LJOUWERT – De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten is wer iepensteld. It is de 68ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei €1000. De ynstjoertermyn slút 15 maaie o.s. De sjuery bestiet út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene Spoelstra..

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal.… Lês fierder

Teleks: Frysk en Frij hellet eigen argyf wei by Tresoar

logo.ensafh

Frysk en Frij hellet har argyf by Tresoar wei. De reden is dat Tresoar it argyf net ûntsluten hat en it net tagonklik is foar de ûndersiker. Sels net foar Frysk en Frij sels, dat te set is mei in kronyk oer de skiednis fan it tydskrift Frysk en Frij, ûntstien út de yllegaliteit yn 1944.
Tresoar hat as kearntaak it bewarjen, brûkber en sichtber meitsjen fan argiven. Dy taak lit it bedriuw al desennia lang lizze.

De stichting Erfgoed Fundaasje-Frysk en Frij hat in foardering by Tresoar fan € 30.000,00 foar wurksumhden foar Tresoar oangeande it ûntsluten en argivearen fan famylje-argiven.… Lês fierder

Teleks: Sorbysktalige digitale bibleteek beskikber

logo.ensafh

Goed trijehûndert Nedersorbyske teksten binne tenei op ynternet beskikber. Wittenskippers hawwe twa jier lang dwaande west mei it sammeljen en digitalisearjen fan âlde boeken en artikels yn it Nedersorbysk, it lytste fan de twa Sorbyske dialekten. Der binne hjoed de dei sa’n fiiftûzen sprekkers. It Heechsorbysk hat sa’n fjirtichtûzen sprekkers.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Teleks: Jongen (8) smokkelt zelfgeschreven boek Amerikaanse bieb binnen en scoort hit

logo.ensafh

Een boek geschreven en geïllustreerd door een achtjarige jongen uit de Amerikaanse staat Idaho is uitgegroeid tot een hit. De jongen verstopte het boek eind december in een lokale bibliotheek. Een maand later stonden 56 mensen op de wachtlijst voor het werk. De laatste op de lijst komt mogelijk pas over vier jaar aan de beurt.

Het kostte de jongen vier dagen van zijn kerstvakantie om het boek van 81 pagina’s te schrijven en te tekenen. The Adventures of Dillon Helbig’s Crismis gaat over hoe het kind terug in de tijd gaat nadat een ster op een kerstboom ontploft.

Lês en sjoch fierder by NULês fierder

Teleks: Tredde moannegedicht Arjan Hut op RIXT: ‘Pop-upstore’

logo.ensafh

Arjan Hut is dichter fan de moanne by RIXT yn jannewaris 2022. Pop-upstore is syn tredde moannegedicht.

Pop-upstore

It liket as sit se dêr allinne, in
jonge frou op de flier fan de pop-upstore
mei de rêch nei it finster
te tekenjen, djip yn in fjild fan papier
hellet se
swarte streken oer swarte streken
Houtskoalbosk. Skimerwâld. Wolf dûkt op
Deiljocht keatst fan it glês – hoefolle prosint
keart daliks nei de sinne werom?

Lês fierder by RIXTLês fierder

Teleks: Petear mei Hindrik Hannema

logo.ensafh

De Fryske dichter Hindirk Hannema giet as in spear. Of it no prizen, performances of útjeften binne, se tûmelje oerinoar. Tiid om dit poëtysk fenomeen it trijedielich pak fan it liif te freegjen.

Hindirk, it giet goed mei dyn dichterskarriere, wat hast de lêste tiid allegear wol net wûn of dien?

Ferline jier die ik mei oan in gedichtewedstriid oer de leafde. Myn gedicht ‘Femme de fitness’ hat dy wûn. Ik stie op 3 Poetry Slams; Ljouwert, Utert en it NK Poetry Slam, ek yn Utert. De Ljouwerter Poetry Slam ha ik wûn, op it NK wie ik lêste. Mar dochs sjoch ik ek dat as in grutte oerwinning.… Lês fierder