Hûndert ferhalen fan hûndert skriuwers op hûndert idyllyske bûtenlokaasjes yn Fryslân: dat is ‘Utsteld lok’, it programma fan Ljouwert UNESCO City of Literature tidens Arcadia. De list fan hûndert skriuwers út binnen- en bûtenlân is hast kompleet. Wa’t in moai plak hat dêr’t in ferhaleferteller dizze koarte ferhalen oan it publyk hearre litte kin, kin syn/har tún of lokaasje oanmelde.
Ljouwert City of Literature is op syk nei partikuliere en iepenbiere bûtenlokaasjes yn Fryslân dy’t it plak wêze kinne dêr’t publyk live nei in ferhaal harkje kin. Alle hûndert dagen fan Arcadia (7 maaie oant 14 augustus) is der in nij ferhaal te hearren.… Lês fierder