Anne Feddema

Dy blauwe perioade fan ’e simmer 1960

logo.ensafh

‘Se rûnen en rûnen mar troch en songen “Ivich oantinken”, en hieltyd as se ophâlden wie it krekt, as oft harren skonken, de hynders, de wynflappen, op harren eigen ritme trochgongen mei sjongen.’ (Dokter Zjivago)

De heit en mem fan Ate Zondervan rûnen senuweftich om it lytse wite Simcaatsje hinne. It wie simmer 1960, in strjitte yn in saneamde ‘bettere’, arbeidersbuert yn Ljouwert.

Heit en dus de famylje Zondervan wienen de earste yn ’e strjitte west mei in eigen wein. Dêr wie heit Pyt tige grutsk op… sýn pronkjuwiel op tsjillen. Fan syn gaadlik plakje ôf op ’e efterbank seach Ate, in goederlaakse, kreaze jonge fan goed fyftjin, mei in pear priemkjende brune eagen en in reade krollekop, nei syn âlden, dy’t wol wat wei hienen fan twa clowns yn in sirkus…

Aanst soenen se drok en yn panyk tsjin elkoar oprinne, om’t it autootsje yn ’e brân stie en út ’e brânspuit allinne mar kleure serpentines kamen.… Lês fierder

Harmen Sytstra

De Reedriders

logo.ensafh

In selskip fan jonge feinten mei in pear bejierre manlju sitte om ’t grutte fjoer yn in doarpsweardshûs. Folle en healfolle glêzen steane op ’e skoarstienmantel. De hospes dribbelt drok de gelachkeamer op en del om de leechpreaune glêzen op te heljen en syn mingers fol werom to bringen. It petear hat al in toarn duorre, meast altyd oer it reedriden, en faak mei safolle fjoer, dat der wol in stik seis, sân tagelyk oan it wurd wiene. Elk foar oar koe hurdst. Yn ’t ein reitsje fjouwer, Jasper en Ruerd, sa jininoar oan ’t poffen en ligen, dat al de oare, dêr fan ferbluft, allinne it harkjen der ta dogge.… Lês fierder

Date Salverda

In trystferhaal

logo.ensafh

As ik myn libben ris oereidzje, sa oan de ein fan it jier, is der net folle bard dêr’t ik spyt fan ha. Ik bin kristlik grutbrocht en ha altiten libbe sa’t in kristen libje moat, dat wol sizze gehoarsum wêze oan de Heare, deugdsum wêze tsjinoer de meiminske en net materialistysk. Dat gong my yn it generaal net min ôf, al sis ik it sels. Mar der is ien ding út it ferline dat my noch altiten dwerssit.

It barde yn in winter earne healwei de jierren santich. Ik wie in teener en gong lykas alle grifformearde jonges en famkes ien kear yn de wike op freedtejûn nei kattegisaasje.… Lês fierder

Nyk de Vries

Barbecue

logo.ensafh

Us relaasjegelok wie sa grut dat ik der nerveus fan waard. Al yn ‘e earste wike fan ‘e simmerfakânsje wist ik neat oars te betinken as it stikken te meitsjen. ‘Lit ik it dwaan foar’t de buorman it docht,’ mompele ik, wylst ik de karavan achterút de Mar fan Genève yn begûn te riden. Mar myn freondinne learde my al wat kennen. Se hie it oankommen sjoen. Se hie maatregels naam – touwen spand en linen lein om it ding op syn plak te hâlden. Se hie de eangst fan har freon om samar te sizzen ynbûn, en dy jûns wienen we al wer lekker oan it barbecueën.… Lês fierder

Piter Boersma

It begjin fan alles

logo.ensafh

‘Wat dochst?’ sei ik.
Ik hearde it mysels sizzen.
Ik hearde my sûnt in pear jier alles sizzen wat ik sei.
En der wie noch wat. Alles wat ik sei, hie ik al ris heard.
By wat ik no sei, hearde ik ús buorjonkje fan trije achter de hage wei nei myn frou en my roppen: ‘Wat dogge jimme?’
Ik fûn dat moai, ik wie gewoan in minske as alle oaren.
‘Seagje,’ sei de man.
‘Dat sjoch ik.’
‘No dan.’
‘Hâld der even mei op,’ sei ik.
De man seach my oan.
‘Ik bin der no,’ sei ik.
De man hie blauwe eagen, in snor, in puntburdsje en lang hier.… Lês fierder

Aggie van der Meer

Op ’e brêge

logo.ensafh

Hy stie der alle sneinen: Jan Sikma. Op ‘e brêge. Sjekje op ‘e ûnderlippe, fiskangel yn ’e hân. Praterich wie er net, hy wie mear ien fan stadich libjen.

Kaam it troch it fiskjen of fiske er omdat er sa stadich wie?

Hy soe it net witte. Wetter hat dy gau yn ‘e greep. Wetter mei alles wat der yn huzet. En dat is hiel wat mear as je earst tinke. Wetter kin je bot ferrifelje. Der binne dagen, wat wynderich waar, net kâld, gjin fisk dy’t bite wol, dan dreamt er samar in ein fuort. Hy giet op himsels ôf.… Lês fierder

Nyk de Vries

Moeras

logo.ensafh

Us streek wie sompich en foar safier’t ik wist siet gjinien dêr te wachtsjen op krêftich liederskip. It tierde by ús prima sûnder fisy. Wy hienen in dúdlike foarkar foar in swak bestjoer, gewoanwei om’t we gjin inkele baat hienen by lju dy’t de saak yn in goeie rjochting stjoere soenen – it soe de ferhâldings allinnich mar fersteure. Dêrom seach ik sûnder eangst de ferkiezings temjitte. Moarns dronk ik in glês bier en tsjin fiven stimde ik mei in protte wille op in klown dy’t it lân fierder it moeras yn helpe soe. It is dêr’t we bedije.… Lês fierder