Cornelis van der Wal

De rots (in mearke)

logo.ensafh

De rots, in mearke.

Der wie ris in rots, en de rots hie syn nocht. Faaks sille jim tinke, wat in ûnsin, in rots is him ommers net bewust fan himsels? No, yn it foarste plak: dit is in mearke en dêr hearskje oare wetten, en fierders wie it gewoan sa: de rots hie syn nocht.

De rots bestie al fier foar’t de earste dieren en planten op it toaniel kamen en de minske wie ek noch lang net útfûn. Hy makke ûnderdiel út fan in grutte formaasje by wat doe de kust fan Bragitië wie. Hy hong, tegearre mei syn bruorren, heal oer it wetter fan de oseaan hinne.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Deabier

logo.ensafh

Halbe, de drummer, hie de foarige deis syn kop keal skeard. John, leadsjonger fan de band, fûn dat mar neat, se wiene dochs gjin skinheads wol? By de optredens moast der mar in pet, mûtse of prûk oerhinne, sa ornearre er.

‘Nee, man, ik bin boeddhist wurden!’ wie de replyk.
‘Kul!’

Efkes letter mishannele Halbe it drumstel mei alle agresje dy’t er as boeddhist yn him hie, simpele ritmes, mar mei in alderheislikste drive. Jaap, de man fan de elektroanika, drukte op in knopke fan syn keyboard en, earst tige sêft, kaam de driigjende basline opsetten, skerp en mei in tsjuster grommeljende ûndertoan.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

De prins en de roazen

logo.ensafh

It famke lei op in bedsje fol mei reade roazen, de sniewite hannen gear oer it justjes wulve boarst, de eagen wiid iepen. Har eachlidden trillen betiden in bytsje, se wie dus net dea. In swiere sucht, it begjin fan triennen, in huverjen dat oer har hiele lichem hinne luts, fan boppen nei ûnderen, en wer werom. In mankelyk liet oer dappere ridders en sierlike jonkfrouwen rôle fan har bleke lippen, har lûd wie heas en ûnfêst.

‘Heidi! Sjit ferdomme ris op! Hast de wekker net setten? Oer in kertier begjint de skoalle al!’
‘Ik bin net lekker mem, ik fiel my mislik.’… Lês fierder

Anne Feddema

Earste snie

logo.ensafh

Kommissaris Emil Appelquist rûn yn ’e dizenige hjerstbosk. It wie midden novimber en it soe him net ferbaze as meikoarten de earste snie falle soe. Fan alle kanten kaam it skrassen fan grouwe swarte roeken, dy’t op ’e al folslein keale tûken sieten, op him ta. Appelquist hie lêst fan syn teannen om’t er learzens oan hie dy’t him eins ien of twa maten te lyts wienen.
It byld fan it lytse fanke mei har reade learskes en giele reinjaske koe er net maklik fan it netflues krije. Se hie der fredich by lein op in soart bêdsje mei blêdsjes oer har hinne, as hie de dieder har gewoan bestoppe foar it sliepen gean.… Lês fierder

Rommert Tjeerdsma

Deutschfreundlich

logo.ensafh

It wie sa hjit as brij yn it stedsje by de rivier. Elske en ik hienen even ús nocht fan it omdangeljen en hienen nei lang sykjen foar in Konditorei in plakje ûnder in parasol fûn.
Toeristen yn alle soarten en maten flanteren deun foar ús lâns, manlju mei bleate skonken dy’t hierrich út fierste lange koarte broeken stutsen, froulju mei skommeljende efterwurken en  amper bedutsen boezems, dy’t meidûnsen yn it ritme fan it flanearjen.
‘Dêr soe ’k wol krekt eefkes mei dy sjen wolle,’ sei Elske, doe’t wy troch de appeltaart hinne wienen en it kantsje kofje ek leech wie.… Lês fierder