Anne Feddema

Net foar elkenien

logo.ensafh

De trije hearen yn trijedielige pakken, sieten mei strange gesichten efter in grutte, strak foarmjûne tafel. Se wienen lykwols net werklik strang mar foar de gelegenheid hienen se allegearre it antlit yn’e selde beferzen blik setten, as hiene se fan te foaren oerlis hân en mei elkoar ôfpraat, dat dit no ien kear de meast geskikte oanpak fan dizze saak wie. It gehiel seach der ek wol wat út as in sêne fan in toanielstik en dat gefoel waard noch fersterke trochdat de mannen op in ferheging sieten, in poadium, fan it soarte sa’t je dat noch wol tsjinkomme kinne yn doarpshuzen.… Lês fierder

Sjieuwe Borger

Fragmint út nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’

logo.ensafh

De oare deis rûn er mei de fyts oan de hân nei de oerhaal en pinige him de holle wa’t Thérêse wol net wêze mocht. Thérêse fan der Geast hie belle en om him frege. Syn heit hie lykwols it tillefoannmer net opskreaun. Sybren koe nimmen dy’t Thérêse hiet.
Mei de krêft fan heechsimmer opponearre de sinne him mids de wolkens dy’t fluch út inoar dreaune. De dampen fan it simmerbuike stiigden op fan de strjitte, dy’t ynienen fol jongerein wie, as hiene se har ferskûl holden om tefoarskyn te kommen as it safier wie. Se ferdwûnen yn kafetaria, pizzeria of bistro.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Doarpsfeest

logo.ensafh

‘Hee Sjouke, silsto moarntejûn ek nei de feesttinte?’
‘Eh nee, jong, wat moat ik dêr?’
‘No, wat docht men meast yn in feesttinte? Feeste, fansels!’
‘Mei al dy dronken boeren?! Nee, dat is net myn idee fan feestfieren.’
‘Och hea, fielt er ’m te goed, jong?’
‘Nee, ik haw dêr domwei gjin ferlet fan. En dan dy muzyk, net om oan te hearren.’
‘Eh juh, dêr giet it dochs ek net om, mar om ’e geselligens.’
‘Dy haw ik ek wol achter yn ’e tún. Mei in bierke en de fjoerkoer oan. Dat haw ik folle leaver as dat leven fan in feesttintemuzyk.… Lês fierder

Rommert Tjeerdsma

Jagdlust

logo.ensafh

Ik hie it bist al in moai skoft op ’e kuer, ik wist sa stadichoan wêr’t er de loop hie en it plak dêr’t er meastal hinne gie te drinken. Wiken hie ’k op dizze âldfader rûn en him hoeden observearre. Ik koe him hast like goed as myn wiif Joukje en dat sei wat. En no sa…
Fan ’e moarn soe ’t heve. De dage wie amper oan ’e loft doe’t ik hoeden fan ’t bêd skode. Gjin drokte, Joukje hoegde it net te fernimmen. Hja soe wer gâns beswieren op it aljemint bringe, dat it foar in man op jierren en benammen foar de rimmetyk in min ding wie om foar dei en dage yn it fjild om te spanen, dat men dêr ek noch oare krupsjes opdwaan koe en it slimste fan alles: de kâns dat der wer plysjes oan ’e doar komme soenen.… Lês fierder

Anne Feddema

Rhinocerus

logo.ensafh

Op 20 maaie 1515, arrivearre op in skip, in noashoarn, yn ’e haven fan Lissabon. Sûnt de tiid fan ’e Romeinen, dy’t de folsleine fauna fan Noard-Afrika opbrûkt hienen foar harren sirkussen, hie nimmen mear sa’n manjefyk dier yn Europa sjoen. De mannen dy’t oan it wurk wienen op ’e heal boude toer fan Bením seagen yn elts gefal harren eagen út. Kening Manuel I fan Portugal wie tige optein oer syn kado út Yndia en koe fan ’e spanning mar min sliepe.By it lemieren foel de kening dochs noch yn ’e sliep en dreamde. Yn ’e dream dûnse de noashoarn op twa poaten troch it paleis hinne en joech imitaasies fan oare bisten… sa as in hoanne, in ko, in hûn en in kat.… Lês fierder

Hindrik Wiebe Rinzema

San Isidro

logo.ensafh

Sa no en dan hat men fan dy dagen wêrop’t men leaut dat religy en it waar oan inoar relatearre binne. Sa ha in soad minsken it idee dat der altyd in wite kryst wêze moat. No ha we dat fansels lang net alle jierren, en hjir yn Meksiko wie it in fiifentweintich graden, mar dochs fersiere se de boel hjirre mei nep krystbeammen en snie. Ik bin gjin leauwich man, mar dochs komt it foar dat it waar him nei it leauwe foeget.
Sa ha se hjir yn de katolike wrâld foar sa’n bytsje elke dei in hillige, en ek elk doarp of wyk hat syn eigen hillige.… Lês fierder