Ulke Brolsma

De Taj Mahal, stomferfelend

logo.ensafh

‘Wat fine jo dêr no oan?’ De soldaat wiist nei boppe. Je kinne krekt in fjirdel part fan de Taj Mahal sjen. Syn taak yn it libben: de Taj Mahal bewake tsjin ferfelende Pakistani of oaren dy’t nocht oan in oanslach hawwe.
It is kâld yn Agra. Hy hat in moaie griene trui oan en noch in jas der oerhinne. En fansels in flink dreech mitrailleurgewear. Sa kin er se wol reitsje. Dy Pakistani. Want dat is it leauwen hjir, alle kwea komt út Pakistan.
Sa as er it seit begryp ik dat hy der hielendal neat oan fynt. Dit wrâldwûnder, dêr’t hûnderttûzenen besikers alle jierren wer foar nei Agra komme, hy fernuveret him der allinnich mar oer.… Lês fierder

Ulke Brolsma

De reade rochels fan Sunil

logo.ensafh

Der komt in moaie wite auto it hiem op. Myn taksy, in echte Ambassador, moaier is der hast net yn Yndia. In model dat yn 1954 útfûn is en noch hieltyd makke wurdt. Ministers ride der yn, gewoan folk en no ik. It spielt, in wolkbreuk. It is de earste fan in hiele rige reinbuien dy’t Tamil Nadu, de súdeastlikste steat fan Yndia, wikenlang teisterje sille. En ik wol gewoan nei in oar plak dêr’t it miskien noch droech is. Mei de taksy, mei de Ambassador.
Hastich wurde de koffers ynladen. As ik neist de sjauffeur sit, klear foar de start, docht er de doar efkes iepen, jout in flinke rochel en spuit in moaie straal read sop, paan, de strjitte op.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Blauwe eagen

logo.ensafh

(Dit is it begjinfragmint fan it ferhaal, dat folslein ôfprinte stiet yn it nûmer 7 fan ensafh op papier dat krekt ferskynd is. Om dat nûmer te besetten troch it nimmen fan in abonnemint of it keapjen fan in los nûmer klik op Abonneminten.)

Wylst de oaren fan Skiphol kamen hie ik yn München it fleantúch nommen nei it Ferihegy-fleanfjild fan Boedapest, terminal 1.
De oaren kamen oan op terminal 2.
Nei lang wachtsjen, in taksyrit fan in heal oere fan 1 nei 2, sykjen en wer lang wachtsjen, hienen wy inoar troffen en mei syn fiven rieden wy no yn it Hongaarske buske mei de Hongaarske sjauffeur, dy’t allinnich Hongaarsk ferstie, troch it lege, flakke lân yn ’e rjochting fan de Roemeenske grins.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Jezus mei it snútsje fan in oaljefant

logo.ensafh

Ut myn hotelkeamer haw ik it sicht op in skomjende see. De Arabyske See dizze kear. De brâning is mar op hûndert meter ôfstân en makket dat bekende lûd dêr’t ik as bern sa sljocht op wie. De fakânsjes op Skylge mei it ljocht fan de Brandaris en yn de fierte, as je hiel goed lústeren, sei ús heit, de brâning fan de Noardsee. De ramplesant foar de Brandaris is der ek: it lighthouse, in toer yn heldere kleuren wyt en read skildere. Alle jûnen wjukje de strielen oer myn holle hinne. Ik bin hast yn it súdlikste plak fan Yndia en dochs fielt it sawat as thús.… Lês fierder

Ulke Brolsma

Tigers en Maharajas

logo.ensafh

Udaipur, Jodhpur, Bharatpur, Jaipur, Dungarpur, Ranakpur, dat binne de nammen fan de wichtichste plakken yn Rajasthan. Sit wol wat logika yn sa’n rige. It is te ûnthâlden. Rajasthan, de steat dy’t sa noflik tsjin Pakistan oan heukert.
Wat je der dwaan kinne yn Rajasthan? No fan alles. Bygelyks ris in besite bringe oan de tigers yn it Sariska National Park. De kâns op in moeting is net grut, dat sels ik soe it oandoare. Mar dan komt de klap. Yn it hotel yn Alwar, moai tichteby it park, hinget in notysje: Sariska Park: 4 tigers. En dat op 800 fjouwerkante kilometer.… Lês fierder

Ulke Brolsma

It lêste goede nijs út Bihar

logo.ensafh

De ‘ferljochting’ fan de Heare Boeddha yn de Yndiaaske steat Bihar is it lêste goede nijs út dat lân. Sûnt dy tiid is it in naasje dêr’t de lju foaral nocht oan moardzjen hawwe, ferkrêftsje stiet ek heech op de list, omkeapje, yntimidearje en noch wat fan dat wûnderlike soarte saken kompletearje al ieuwen it byld fan dit lân. It ministearje fan Bûtenlânske Saken wol eigentlik net hawwe dat ik der hinne gean. Net dwaan dus. Mar ik wol út Varanasi wei mei de North East Express hielendal nei it noarden, nei Darjeeling, op famyljebesite. En dan moatte je troch Bihar.… Lês fierder