De ‘ferljochting’ fan de Heare Boeddha yn de Yndiaaske steat Bihar is it lêste goede nijs út dat lân. Sûnt dy tiid is it in naasje dêr’t de lju foaral nocht oan moardzjen hawwe, ferkrêftsje stiet ek heech op de list, omkeapje, yntimidearje en noch wat fan dat wûnderlike soarte saken kompletearje al ieuwen it byld fan dit lân. It ministearje fan Bûtenlânske Saken wol eigentlik net hawwe dat ik der hinne gean. Net dwaan dus. Mar ik wol út Varanasi wei mei de North East Express hielendal nei it noarden, nei Darjeeling, op famyljebesite. En dan moatte je troch Bihar.… Lês fierder
Ferhalen
De nacht fan de seame en it skilderij
Big Surprise
‘Bisto troud?’ freegje ik. Tsjin my oer sit in jongkeardel fan krekt yn de tweintich, as ik him sa skat. Hy roeit my oer de Ganges. It is seis oere moarns en ik bin op wei nei de ghats fan Varanasi oftewol Benares, de kilometerslange kades dêr’t Hindu Yndia alle moarnen it wetter yn stapt op wei nei de ferlossing. Bygelyks om net as in kikkert werom te kommen op dizze ierde, mar as it efkes kin ien kaste heger of sa. Wat de mannen oanbelanget, leafst net as frou. De Ganges, de smoarchste rivier fan de wrâld. Alle sykten dy’t je betinke kinne sitte fleurich yn it Ganges Hindu pakket.… Lês fierder
De prinsessen op ’e dongbult
Ynienen ferdwynt it skerm fan myn kompjûter. Dat wol sizze, it skerm is der noch, mar troch in oalje-eftich gerdyn fan smoarge reek kin ik neat mear sjen. Sa yn ien kear! Op de taast set ik op de doar fan de ynternetwinkel ta. En mei my de oare klanten. By de doar stiet in apparaat dat sûnder ophâlden de saak folpompt mei dy goare reek. ‘Dengue.’ seit immen tsjin my. New Delhi besiket de luzige lytse mich út te moardzjen, de hiele Asarkan Road ferdwynt yn in mist fan de killer-reek. It is ien fan de twa ferskrikkingen dêr’t ik yn New Delhi mei fan krijen haw: de dengue en de Commonwealth Games.… Lês fierder
Keamer
Klik hjir foar de pdf… Lês fierder
Norsk husflid
Edvard Munch siet op ’e râne fan Fedde Friezema syn hotelbêd en skodholle.
‘Nee,’ sei de âld baas, wylst klauwend en pûlkjend oan syn grize stoppelburd, op in wize sa as Fedde noch nea earder ien ‘nee’ sizzen hearde, as hie er yn dat lytse wurdsje alle ellinde en fertriet fan ’e hiele wrâld sammele. Mar Fedde hie stadich oan genôch fan it gelul fan ’e meast ferneamde keunstner fan Noarwegen. Dy’t nammers, wier is wier, wol de reden wie dat er yn Noarwegen wie. Fedde woe nei it Munch Museet yn Oslo om einlings mei eigen eagen de ‘GJALP’, te sjen, ien fan ’e grutste ikoanen út de West-Europeeske keunstskiednis.… Lês fierder
Fol túch yn ’e mist
(Foarpublikaasje fan Hidde Boersma syn ferhalebondel Fol túch de mist yn, dy’t yn maaie ferskynt by De Friese Pers Boekerij)
‘Wêr is it Beest?’ freget de kalme en goedhertige skipper, dy’t froeger noch yn Wiuwert wenne hat yn it hûs neist dat fan myn âlden, wylst er de kopspring foar my om in stegerpeal hinget.
It Beest, dy beneaming foar de skipper fan ’e Mon Désir, dêr’t ik maat op bin, hie ’k noch net heard. Mar dy namme past him oars wol.
‘Hy leit siik op bêd,’ sis ik, ‘en stelt him freeslik oan.’
‘Dat ferwûnderet my neat,’ laket er, ‘is it oars wat mei him út te hâlden?’… Lês fierder