Se hie it ding kocht by de Hema. Op in hurde, reade plastyk ûndergrûn sit in lange priem. Earst hie se de standert yn it midden fan it buro stean, de foto fan Wouter fansiden skood.
Sa yn it midden wie miskien dochs te opfallend, krekt as soe dy priem it wichtichste wêze. En dat wie net sa, of leaver sa moast it net lykje. En it wie ek net sa, it wurk, dêr gie it om. Se hie der rjocht op. It wie der by ynbegrepen, it stie goed yn de funksjeomskriuwing. Dêr hie se goed op lette moatten, wat der krekt stie yn dy omskriuwing.… Lês fierder
Ferhalen
Mr. Pita
Sûnt koart sit der lyk neist it restaurant fan Mr. Jack’s in pita-gyros-saakje mei de namme Mr. Pita. De Schlagermann moat wat ite en wol der in broadsje helje. Ik ha gjin honger en wachtsje bûten.
‘Dat ziet er goed uit,’ sis ik as er mei it broadsje de saak útstapt.
‘Ja, maar ik haal hier nooit weer wat,’ seit de Schlagermann wylst it slaad him foar de lippen út waait, ‘die vieze klauwen van die gast. Gadver. Ik zag ze toen ie me vuur vroeg.’
In rilling lûkt oer syn antlit.
‘Hij kon ook niet verstaanbaar spreken,’skodhollet de Schlagermann, ‘hij heeft zo’n dikke tong, dat ik pas nadat hij z’n sigaret omhoog deed begreep dat ie een vuurtje vroeg.’… Lês fierder
Ulla
Sy is Noarsk: Ulla. Sy wennet yn bungalow nûmer 1 fan in resort op Lombok. Ik sit yn bungalow nûmer seis fan itselde resort en sa is de priisferhâlding ek.
Ulla is Noarwegen, it lân dat ik út myn jeugd noch ken troch de ferneamde trilogy fan Björne Björnson: ‘Winden Waaien om de Rotsen’. Fjorden, bergen, heuvels, heechflakten, ûnmjitlik en gruts. Sa is Ulla ek. Ulla hat it ferpletterjende foarkommen fan in Wagner-sjongeres dy’t sa in orkest fan 150 man sûnder omhaal de hoeke yn blaast. Ulla is breed, Ulla is grut, Ulla is in lânskip. Yn Lombok is se efkes ferlost fan it fersoargingstehûs dêr’t se as ferpleechster Noaren helpt dy’t in bytsje yn de war binne.… Lês fierder
Kabouters yn Kopenhagen
De jûn hie joalich west, mar by de grins begûn it gemiter.
Hy folge by freonen it fuotbaljen, smookte en sûpte wat mar net yn’t mâle; foaral gekjeie mei wurden, langút. De wrâld wat omkeare.
Yn ’e iere moarn wie er ôfset foar syn misje, no hast fjirtich jier lyn. In poepesintsje lake him ta. It âlde keverke, mei sa’n lyts efterrút, rûn poerbêst. Krekt as it hielal skynde it libben him ûneinich. Mar Nije Skâns foarby waard er keard.
De Dútske dûanelju bearden dat er útstappe moast. Hja skoden it folksweintsje út it sicht wylst him alle spullen ôfnommen waarden.… Lês fierder
Tritich jier sechtjin
Sa’n grap hie ’k oars graach ris úthelle mei Tony de Vietnamveteraan. Ik kaam mei Tony yn ‘e kunde oan ‘e rinnende bân fan in pakketdistribúsjesintrum. Yn ‘t skoft sieten we altyd mei guon oaren oan deselde tafel. Hy stiel myn hert mei syn fabuleuze taal, in mjuks fan Nederlânske en Amearikaanske slang.
Op in dei moasten we de iene pallet nei de oare folsteapelje mei pakketten foar swangere froulju en farske memmen. Goh, tocht ik, de steat jout swangere froulju in startpakket.
‘A lot of these boxes,’ sei ik tsjin Tony doe’t de bân even stil stie.
‘Yeah,’ sei Tony, ‘alotta pregnant motherfuckers in Nederland.’… Lês fierder
Come-back op de Mont Ventoux (2): In man wurdt âlder
(Foar it earste ferhaal yn de rige ‘Come-back op de Mont Ventoux’ klik hjir of sjoch ûnder auteurs by Bert Bakker)
As ik hjir om my hinne sjoch: Wat wurdt net âlder? De beammen net, de bergen net, de bisten? Juster wienen de bledsjes noch stevich en read, no binne se fergiele en slop.
Der klonk sjitten yn’ e fierte. Jonge hûnen kamen oanfleanen oer de ikkers. Der hinke in hart foarby. Net de hjitte, mar de wyn en de kjeld giselen no de bergen.
Se sjogge der út as by inoar waaid stof en erodearre grús. Ald is ferkleure, krykkrakkich, oansketten, foargoed foarby.… Lês fierder
Mannen die’t feul prate binne goed in bêd
‘Ik hew hoord datstou de bek nooit dicht hest,’ saai de frou.
‘Hoe komst dêr bij?’ saai de man.
‘Dat hew ik hoord.’
‘Hmm,’ saai de man. ‘Dêr ferdien ik myn geld met.’
‘Dat mân ik wel lije,’ saai de frou. ‘’n Man die’t de freet nooit op slot het. Mannen die’t feul prate binne goed in bêd.’
‘Hoe komst dêr bij?’ saai de man.
‘Niet dan?’
‘Ik sil de lêste weze die’t sait dat ’t niet soa is. Ik froeg hoestou dat weetst. Hest erfaring met mannen die’t feul prate?’
‘Ik hew ’n man had die’t nooit wat saai. En die wou ok nooit wat.… Lês fierder