
It kafee, dêr’t de literêre gearkomste wie, siet lang net fol. Oan in grutte tafel sieten wol in stikmannich minsken, dat moasten hast wol dichters en skriuwers wêze. Gjalt de Bruin seach nei it taferiel nammers mear mei it each fan in goed yn ’e byldzjende keunsten ynfierde skilder. Wat er foar him seach, die him tinken oan ‘la última cena’, yn dit spesifike gefal ek werklik oan de fersy fan it renêssânse-sjeny Leonardo da Vinci. It lêste jûnsmiel…Jezus siet fansels yn ’e midden, in man mei in frijwat plodsk antlit dy’t, op it stuit ien fan ’e ferneamde gehakballen fan it kafee oan it fuortwurkjen wie.… Lês fierder