Wobbe Atsma

In goed hinnekommen

logo.ensafh

Dit is it, tocht ik en ik digere oer de see nei de einleazens fan it noarden. At myn blik as in kompasnuddel wurke, dan soe er nei it poalgebiet rikke. Ik socht lykwols gjin bestimming, dy hie ik al fûn. Mei de Noardsee op it netflues kearde ik de blik nei binnen ta, in momint fan besinning. De drokte fan de wrâld bestoar, it salvjende lûd fan wetter en wyn joech in stilte dêr’t it deistich leven yn weiwaard. Dat jout rêst, stelde ik fêst, mar soe it my stypje by it skriuwen? It fernuvere my dat ik it yn my omgean liet, de fraach wie in likegrut klisjee as de begjinrigels fan it stikje tekst dat ik besocht stal te jaan.… Lês fierder

Hidde Boersma

Nei Harns

logo.ensafh

We hiene inoar nea in soad te fertellen. Wylst hy tocht oan trekkers, tocht ik oan skriuwen. Mar we wiene it iens oer fjouwer bier. Elk twa.
Op sa’n jûn, dat hy oan ’e ein net mear stean koe, siet er njonken in famke. Dat waard wat, en sûnt doe dronken wy nea wer fjouwer tegearre. Koartlyn, sa’n acht jier letter, binne se troud. Ik wie der by.

Doe’t hy en sy noch mar krekt tegearre wiene, en ik in stik te kuierjen wie bûnten de buorren, gisele der in auto foarby. Hy wie it en hy seach mâl. Ik stuts de hân op en hy stoppe.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Moat kinne

logo.ensafh

Fan ’e moarn om in oer as sân bin ik op wei gien út it hotel yn Nairobi. It is no fiif oeren letter. Ik ryd mei in gonkje as sechtich oer it hite asfalt fan ’e A 109 rjochting Mombassa, sawat de iennichste knappe asfaltdyk yn Kenia, it wurdt sels in ‘highway’ neamd. In waarme loftstream komt troch it iepensteande rútsje fan ’e jeep en mingt him mei it hege lûd fan in gitaar dat út ’e autoradio komt. It readbrún en griengiel fan ’e wyldernis sûzet stadich foarby op it ritme fan ’e bengamuzyk.
Op it stuit fan dizze twadde alinea bin ik sawat op hichte fan ’e ôfslach Mariwenjyi.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Anty- faksistysk gebakje

logo.ensafh

‘Hawwe jo dit makke?’ frege de Dútser oan de skilder.
‘Nee jo dochs…!?’ kaam it der suver feninich út.
‘Haw ik wat…? Haw ik dat makke…?’ frege de man ferheard.
‘Ja, jo en jo brúnhimdige kollega’s!’
‘Hoe sa brúnhimdich…? It stiet dochs kreas sa’n boesgroentsje? Ik bin trouwens ek mar gewoan útfierder fan wat my opdroegen wurdt!’
‘Alle fassisten neame harsels útfierder…lykas dat de measte politisy tinke de miening fan harren folk te fertsjintwurdigjen, it giet harren hast altyd om it eigen hachje, it draait faak út op ’e loop fan in gewear…bommen goaie op minsken dy’t harren just frijmeitsje wolle fan… lokaal machtsmisbrûk bygelyks!’… Lês fierder

Henk Wolf

De klap

logo.ensafh

Yn ‘e keuken gûlde mem. Meike kaam oerein. Se moest der mar efkes hinne. De Barbies hie se doch gjin nocht mear oan. Se krige dy stomme fuotten der mar net rjocht ûnder. En dy domme troelen seagen har dan ek noch sa ûnnoazel oan. Altyd mar gnize. Se woe gjin Barbies mear. Eins fûn Meike harsels al wat te grut wurden foar Barbies. Se wie in grut famke, dat har memmy treaste soe.
‘Net gûle, memmy,’ sei se. Se streake mem sêft oer de rêch. Doe gong de doar iepen. Dêr stie heit. Hy seach mem en Meike efkes oan.… Lês fierder

Fettsje Boorsma

Rauwe ierappels

logo.ensafh

Twa jier lyn moete ik in mantsje yn it doarp M. It wie yndie net in man, mar in mantsje. Dochs, wat in grutte geast en in libbenswiisheid fan ieuwen, like it wol.
It wie simmerstil yn it doarp, der gong gjin suchtsje wyn troch alles wat grien wie, de sinne skynde gleon as tidens in Spaanske siësta en op in bankje siet ik op ’e bus te wachtsjen.
Hy kaam kalm oankuierjen en gong neist my sitten as sei it himsels.
‘Do moatst om dyn terms tinke,’ sei hy sûnder mear, ‘net tefolle fleis ite en dyn mage kin net oer slaad, paprika’s en boerebûter.’… Lês fierder

Jouke Hylkema

Fraachpetear mei ierpeliters

logo.ensafh

Hjoed sit ik oan it waarmmiel by de famylje Borger. Hja wenje in lytse arbeiderswente earne yn ’e Bouhoeke. Heit Borger wol leaver net mei namme en adres yn dit ferslach neamd wurde want hy is in ienfâldich man en hat gjin ferlet fan bekendheid. Heit en mem Borger en harren trije dochters libje fan in lyts hoekje lân.

‘Lêsten woe der in man fan dat programma fan ‘e NCRV, Man Bijt Hond komme te ierpeliten, mar dêr hawwe wy foar bedankt. Sa njonkenlytsen wol Jan en alleman by ús delkomme.’
‘Is it wier dat jimme it hiele jier troch ierpels ite?’… Lês fierder