Jouke Hylkema

Fraachpetear mei ierpeliters

logo.ensafh

Hjoed sit ik oan it waarmmiel by de famylje Borger. Hja wenje in lytse arbeiderswente earne yn ’e Bouhoeke. Heit Borger wol leaver net mei namme en adres yn dit ferslach neamd wurde want hy is in ienfâldich man en hat gjin ferlet fan bekendheid. Heit en mem Borger en harren trije dochters libje fan in lyts hoekje lân.

‘Lêsten woe der in man fan dat programma fan ‘e NCRV, Man Bijt Hond komme te ierpeliten, mar dêr hawwe wy foar bedankt. Sa njonkenlytsen wol Jan en alleman by ús delkomme.’
‘Is it wier dat jimme it hiele jier troch ierpels ite?’… Lês fierder

Jouke Hylkema

Potsje mei aaien en nuten

logo.ensafh

Hy siet efter it buro, lies wat stikken troch en nipte foldien oan ‘e kofje. Noch in pear wike en dan wie er frij man.
Hy seach ris by it liif del: lokkich koe er noch tusken de fuotten troch de flier sjen, hy wie noch like slank as by syn oanstelling, nea de kantsjes der ôfrûn.
Sa mimere er wat troch doe’t de boade himsels oankundige mei de ynkommende poststikken ûnder ’e earmtakke, de lêste nijtsjes fan it ôfrûne wykein, wat nije agendapunten, mar boppe al in kanne mei farske kofje. De man kaam wat ûnhandich oer, hy hie wat in reade kleur.… Lês fierder

Anne van der Plaats

Kat

logo.ensafh

It hûs stie healwei de stêd en it doarp, in eintsje fan ’e dyk ôf. Der rûn in rjochte reed hinne.
‘Wat bist let?’ sei Freark.
‘Ik tocht datst freegje soest wêrom’t ik wiet hier ha,’ sei Nelly.
Se rûn wer nei de dûs ta, no om de holle ôf te droegjen.
‘Reint it?’ sei er doe’t se weromkaam.
‘Nee. Myn hier wie wiet om’t ik de holle ûnder ’e kraan hâlden ha. Ja, om ôf te kuoljen.’
It wie op slach roettsjuster yn ’e keamer.
‘En dat wylst it folle moanne is,’ sei se.
‘Okee,’ sei er, ‘ik tink, dat dizze keamer no leech is.’… Lês fierder

Jouke Hylkema

Petear yn ’e polder

logo.ensafh

‘It is hjir knap dridzich Bears!’
‘Ja moast útsjen wêrst de fuotten delsetst, it is net om ’e nocht dat wy mei in tou oan mekoar fest sitte.’

Hjoed haw ik dus in petear mei feehâlder Bears fan it Heidenskip, hy is myn gids op reis troch it grutste reservaat fan Fryslân, ‘de Oerpolder’. Hy docht it gidswurk hast al tritich jier, mar sûnt it ferskinen fan it boek oer de polder is it noch folle drokker wurden. Bears hat der neist de feehâlderij in folsleine baan by krigen. Frou en bern hawwe it buorkjen oernaam.

Oer syn oerlibbingstochten mei dielnimmers seit Bears:
‘Ik rin it hiele jier mei minsken troch dizze mieden, somtiden mei groepen fan tsien man!… Lês fierder

Ulke Brolsma

Kafka op trije tsjillen

logo.ensafh

‘Where do you come from?’ Twa moanne reizgje ik troch Yndia en alle dagen krij ik dy frage op ’e nij. Ik wurd der betiden gek fan. ‘From Far Away,’ rop ik en krij as andert: ‘nice country.’ En no bart it wer. Ik sit yn in rickshaw dy’t my nei it sintrum fan Kottayam bringe sil, in stêd earne djip yn it súd westen fan Yndia. Ik bin krekt oankommen nei in reis fan trije oeren mei Yndiaaske passazjiersboat. Op de wâl steane in pear rickshaws, de Yndiaaske helikopter, sa as se hjir dizze taksy op trije tsjillen neame. Dêrmei wol ik nei it sintrum fan Kottayam, mar foar’t ik sit spilet elkenien in stikje toaniel, in soarte fan oarloch oer de priis.… Lês fierder

Jouke Hylkema

Kopman

logo.ensafh

Op ’e Merkestrjitte rin ik mei in mikrofoan op in groep dielnimmers fan ’e ‘tocht der tochten’ ta. De Kopman rydt mei in slakkegonkje foarop as er foar my stoppet en ik it wurd nim:
‘Wêr komme jimme dochs wei?’
‘Wy koomn uut de Westerein; doar stoane ônse húskes, kinn ie dat niet aan ôns dracht
sien?’
Ik gnyskje eefkes skiepeftich:
‘Nee,’ sis ik, ‘soks hie ik fuortendaliks net opmurken, mar it falt my wol op dat jo der in bytsje oars by rinne as de oaren fan ’e groep!’
‘Ik neme as foorman un belangriek plak in, dus dan maggie der ok wat anders útsien.’… Lês fierder

Bert Bakker

Ien mei de dingen

logo.ensafh

Wicher de Wilde wenne op sângrûn. Dat wie mar goed ek. Stevige boaiem. Syn húske bestie út ien skoarstien dêr’t peallen tsjinoan setten wiene as in wigwam. Der wiene wylgetakken omhinne flochten en doe wie it ôfdutsen mei plaggen. It hie ien yngong, ien finster op it westen, ien kachel, ien tafel, ien stoel, ien bêd en altyd ien flesse âlde jenever foar de greep. Wicher wie der gelokkich mei en mear hie er net nedich. Hy wie ien mei de dingen.
Ik koe de Wilde fan de poelier. Ast dêr efterom giest, koest dyn wyld kwyt. Wicher kaam mei hazzen en fasanten.… Lês fierder