Ate Grypstra

Maitsen

logo.ensafh

– In tsjuster teltsje –

Nacht. De stêd is útstoarn. De wyn en de storein hawwe stilswijend in ferbûn sletten om de minsken yn har hûzen finzen te hâlden. Der bliuwt foar de ynwenners fan Ljouwert net folle oars oer as mar betiid it sêfte nêst op te sykjen, dêr’t it rûzige twatal har pleagjen bliuwt mei ûnrêstige dreamen.

Jurjen Slauerhof weaget him op dit lette tiidstip noch al efkes op strjitte. Hy moat wol. De hûn moat perfoarst noch útlitten wurde. Altyd om kertier foar tolven. Altyd.
Fêste patroanen binne ommers goed. Dy trochbrekke jo net samar even. Net om’t jo eigentlik deawurch binne.… Lês fierder

Ulke Brolsma

SWIMME

logo.ensafh

Hy seach de weach op him takommen, stadich en hieltyd heger. Hy waard der troch meinommen, sa koe er efkes it strân sjen. Boppe op de top fan de weach krolle it wetter in bytsje om, der kamen wite tûfkes op dy’t troch de wyn fuortblaasd waarden. Hjir en dêr leine der wat wite skomplakken op it wetter, hy koe se sa oanreitsje, mar dat die er net. Hy wist dat er syn krêften sparje moast. Neat gjin ûnnedige bewegingen. It strân kaam net tichter by, mar hy dreau ek net fierder ôf. Op de dunen seach er minsken rinne. Lytse popkes.… Lês fierder

Froukje Postma

Lytse dingen

logo.ensafh

De wekkerradio sprong oan.
It getetter fan in te wekkere en in te folle pratende presintator ferjage mei geweld de rêst fan de iere moarn: in nije dei begûn.
Mei tsjinsin swom ik fanút de djipte fan myn dreamwrâld omheech. Stadich kaam ik nei it oerflak fan ’e wurklikheid, stadich kaam it besef by my werom. It besef dat it hjoed woansdei wie, dat ik wekker wurde moast, dat ik fan’t bêd komme moast.
Ik iepene ien each om mysels te ferwissigjen dat de wekker net te betiid ôfgien wie. Spitich genôch net. De reade ljochtjouwende sifers blikkeren ûnferbidlik 7.30. Ek noch bespotlik betiid.… Lês fierder

Bert Bakker

De oerfal

logo.ensafh

Pineholle, pine achter op myn holle. Ik kin my net bewege. Ik priuw bloed. Ik lis foaroer op ’e stiennen flier fan de jachthut. It fielt as ha ’k in barst yn’e skedel. Myn noas is brutsen. Ik sjoch Tammie út myn eachhoeke, Oane syn hûn. Se leit der rêstich, mar opmerksum by. Ferbyldzje ik my dat se súntsjes jammert? Se wol my slikje. Ik kin my net bewege. Myn hannen sitte fêst op ’e rêch. Wy binne oerfallen.

Ynienen swaaide de doar iepen en waarden wy ûnder skot nommen en sûnder in protte wurden oan ’e kant set. Oane knikte nei Tammie en sy gie lizzen.… Lês fierder

Hidde Boersma

Folderology

logo.ensafh

Somtiden smyt ik folders troch brievebussen. Dat doch ik foar jild, oars soe ’k der sa gau net oan begjinne. Mei in bûnt selsskip ride wy dan mei in wyt buske, folladen mei folders en fytstaskarren, by it Utrechtse yndustryterrein Lage Weide wei. It moaiste is dan as de Alfa-man de sjauffeur is. Hy ferstiet syn fak. Nea sil ik ferjitte hoe’t er my mei syn bombastyske basstimme opdroech om te folderjen oant it ‘Alphons Diepenbrockplein’.
‘Wat?’
‘Jij loopt tot het Alphons Diepenbrockplein!’
In djippe brok.
It selsskip fan folderders, sa’n fiif buskes fol, is, om it djoer te sizzen, tige plurifoarm.… Lês fierder

Wobbe Atsma

Boele syn beam

logo.ensafh

‘Wat dogge we, in echten of in nepper?’ Boele skrille op út in slûchje. Wie’t no al wer safier? It fûle lûd fan Hidske, dat de fraach as in midswinterhoarn yn syn earen blaasde, tsjutte op de minne tiid. It rûn nei de ein. De demoanen koenen har mar klear meitsje, it tsjuster moast wer belies jaan. It wie net de stim fan syn oare helte dêr’t Boele Haspel troch fan’t sintrum rekke, mar de argewaasje en it gesoademiter fan de hjeldagen op kommendewei. Hy krige fuortendaliks lêst fan it soer. De noflike lange jûnen hoegden om him net mei in griemmank oan keunstljocht optúgd te wurden.… Lês fierder

Jehannes Boorsma

Gearkomste

logo.ensafh

De rustfrij-stielen pisbak mei de kaanferballen en it ivich bemiigde opstapke hawwe it mei it fernijen fan it ferienigingsgebou ferlieze moaten.

Allinnich de beide húskedoarren ha it oerlibbe.

Op ’e doar foar de manlju stiet ‘lid’ en op dy foar de froulju ‘gjin lid’.

Soks is helder en jout gjin fertiizjen.

Hinkie stiet no tusken de sketsjes yn it nije urinoir. In keunstmich is as rjochtingoanwizer yn ’e pot plakt.

Dan skoot Arend neist him.

Hy klaut fûleindich yn syn ûnderguod om en docht dan de dingen wêr ’t er foar kommen wie. Nei in baas skeet begjint it wat te mingeljen en hy besiket fergees de keunstmich te reitsjen.… Lês fierder