Geart Tigchelaar fytst op dit stuit de wrâld om. Dat jout him in weareld oan ynspiraasje foar gedichten en ferhalen. Yn dizze rige skriuwt er ferhalen dy’t situearre binne yn de lannen dy’t er oandocht dêr’t de skriuwer/fytser sels in gruttere of lytsere rol yn hat. Hjirby it twadde ferhaal.
Ferien
Se hie der net oan ûnderút kinnen. Se moast noch ien kear mei har âlden mei op fakânsje. Dêrnei – as se sechstjin wie – mocht se mei de freondinnen mei. Dy wienen in jier âlder, mochten al wol sels fuort, mar wurken leaver yn it simmerskoft om de nijste iPhone of skoudertas skoare te kinnen.… Lês fierder