Geart Tigchelaar

De oerwinning

logo.ensafh

Alle kearen sit dy smoarge Bokke wer op it dakje, sadat net ien by him kin. En mar lang úthelje mei dat healsmoarde heaze hege lûd. It giet men troch ieren en sinen. Wy kinne balte en raze wat wy wolle, mar syn snaffel hâlde docht er net. Hy hat dúdlik nocht oan ûnnocht.
Dat is it slimste noch net iens. It slimste is dat elkenien it der oer iens is dat ík der wat oan dwaan moat. Ik bin de linichste fan ús allegearre. Ik, Kekke, hear klatterje en springe te kinnen, dat ik kin ’m der wol ôfreagje. Of him goed yn ’e nekke bite as ik him fuortdaliks te pakken krije kin.… Lês fierder

Pyt Kramer

In âlde bekendenien

logo.ensafh

Okkerjûns ried ik oer de Biskopsleane. Ik hie net tocht dat it ûnderhâld al safier tebekrûn wie, want it skokte as in púndyk en seach der helendal wat ferwurden út.
Ynienen stie der immen oan ’e kant, de hân omheech. Ik stoppe en die de doar iepen: “Is der wat?”
“Ik bin wat let,” sei er, “it soe moai wêze as ik in eintsje mei Jo ride koe.”
“Wêr moatte Jo hinne?” frege ik.
“No, it soe aardich wêze as ik jûn noch op ’t Skoat komme koe.”
“Dat kin altyd; stap mar yn.”
Dat die er. “Moaie lege ynstap,” sei er.… Lês fierder

Reinold van Oevering

De bêsten gean earst

logo.ensafh

Alle kearen as ik by de Fjouwersprong bin, moat ik tinke oan Herman, in jonge dy’t op de legere skoalle by my yn de klasse siet. Neam it in lyts trauma yn myn libben.
Herman wie yn alles foarlik. Sa herinnerje ik my dat wy ris mei in groepke fan in stik as wat jonges fan in jier as tsien op in sneontemiddei hinne en wer troch Skettens rûnen, wylst we lûd deksels fan âlde itenspannen tsjin inoar sloegen, as wienen we in fanfarekorps. Dy pannen hienen we trouwens fûn earne op in jiskepôle oan de Brúndyk.
Wat in lawaai wie dat, minsken, it wie in leven as in oardiel.… Lês fierder

Jannie Roodhof

De strânljip

logo.ensafh

Prústich stiet er dêr yn syn swart mei wite fearrepak: de strânljip. De ranke poaten yn it skulpesân, klear om fuort te stappen. Mar dat slagget spitigergenôch net mear, want hy is kroandea. Se lêst it buordsje op de fitrine lûdop: de Kening fan de Greiden. Lieuwe, njonken har, skoddet lytsachtsjend syn keale plasse: ‘Werris mis Lys, do moatst in trime heger sjen. Dat is hjoed hjirre de wichtichste fûgel. Dêrfoar binne wy hjir kaam. Foar de eksposysje oer de skries. De grutto! De skries!! Net de strânljip. Do moatst ris wat better oplette as ik dy wat fertel.’

Fan argewaasje draait se de fitrine en har man de rêch ta.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

Nei de klappen

logo.ensafh

Ik folgje it mei rust oanfretten stik stiel dat mei in swaai weiwurdt yn Heiko’s plasse. De Dútske jonge falt as in plumpudding yninoar. As yn in goedkeape B-film pjutsket it bloed oer de grûn. De droege ierde is bliid mei hokfoar focht dan ek en sûget begearich it waarme read op.
‘Mear dy’t goddomme praatsjes hawwe?’ James praat altiten mei konsumpsje, benammen as er it smoar yn hat.
Wy passe wol op om James noch lilker te meitsjen. Wy binne noch mar mei in pear lju, dat hoecht net nóch mear úttinne te wurden.
Boppedat hawwe wy James demokratysk útroppen ta ús despoat, al tochten wy doe fan lieder.… Lês fierder

Geart Tigchelaar

First world problems

logo.ensafh

Jasses noch oan ta, wie ’k noch mar by dat âld wiif. Se rôp betiden sa skel as in kromme seage, mar sa bêst as wat en ik wie alle dagen sêd. Dat krij ik hjirre gelokkich ek, mar ik wurd dochs wol sa gek fan dat ivige tripkjen.

Dy rottige kat hat dêr hielendal gjin lêst fan, ik bin wier jaloersk op har, al sil ik dat fansels noait net tajaan. Dan docht dat eigenwize stik potiten allinnich mar mear it kin omheech. Dy mient al dat sy superieur oan my is. Allinnich mar om’t ik alle dagen moai in ein te kuierjen mei, ik achter de bal oan mei en as ik de postboade yn ’e bokse byt in brokje as twa krij.… Lês fierder

André Looijenga

de gleone woastynwyn

logo.ensafh

“Fersteane jo ek Nederlânsk?”, beäntwurde de man myn groet. Hy wie myn eachhoeke ynrûn, oer de blikke foar it arkje. Stadich nijsgjirrich seach er om him hinne. Fan efter de wenkeamerstafel wie ik opstien, de fêstewâl en it gers opstapt.

Hy hie hjir earder ek wol west. Wie nei jierren benijd hoe’t it derút seach. Eartiids hie er ferkearing hân mei de dochter fan Rink van der Velde: Wytske. Dat sadwaande hie er doe wol op de pôle by it arkje west, mei jierdeis en sa. Hy hie heard dat de wenboat der noch wie, dat der no skriuwers yn sieten, dat hy wie mar ris delfytst út Ljouwert wei.… Lês fierder