Omdat ik it ‘pabitele’ (poëtysk praat fan de gewoane minsken, neffens Hrabal –sjoch diel ii) net ferstean, besykje ik fan minsken de ‘bodylanguage’ te lêzen. Guon spylje graach teater yn grutte gebearen, om dy oan dyn rol fan ‘bloody tourist’ te hâlden.
Kinst dysels hjir rûnom spegelje oan oaren, yn antlitten, ruten, doaren, ynformaasjebuorden yn de metro ast se lêst mei in swalker dy’t meisjocht oer dyn skouder. Al steane eagen faaks dof of boartsje ferside. Inkeld fynst in skittering of in ferhaal yn in pear eagen. Of, fielst eagen dy’t der net mear binne. Spegeltsje, spegeltsje oeral by de hân, wa is hjoed de nuverste yn dit lân?… Lês fierder