Jetske Bilker

Reaksje op Rely-rapport: Sa kin it net, Greet

logo.ensafh

Mei it sjueryrapport fan de Rely fan dit jier toant Greet Andringa trije dingen oan, te witten, dat se net krekt wit wat in sjueryrapport is; dat se der dubieuze literêre kritearia op nei hâldt en dat se bliid is dat se einlik ris har sechje dwaan mei foar in publyk. In loovjend ferhaal hâlde oer wêrom de winners in priis hawwe moatte is der net mear by.

De toan fan it rapport is behoarlik yrritant. Sa freget se it publyk – dus al dy freonen en famylje fan Edwin de Groot en Froukje Postma‘Wêr hat de sjuery dit jier op ôfkard?Lês fierder

Iepen brief fan Rely Jorritsmapriiswinner Edwin de Groot oan de sjuery

logo.ensafh

Achte sjueryleden,

As ien de Rely-sjueryrapporten fan de lêste jierren nochris lêst, sil it dyjinge opfalle dat der nuten kreake wurde.
Bêst genôch as in sjuery har “wrakseljen” mei de “pro’s and cons” fan de ynstjoerings wrâldkundich makket. It gefaar is dan wol dat de “cons” tefolle klam krije en de feestfreugde gjin deugd dogge.
Guon fûnen de miening oer myn winnende gedicht net alhiel posityf. Ik gean der net yn mei. It stikje oer tefolle slachrjemme esfh. fyn ik goed ûnderboud. Ik bin it der net alhiel mei iens mar kin my der fan alles by tinke.
By my gie de feestfreugde al earder ûnderút.… Lês fierder

Teake Oppewal

De 100 mooiste Friese gedichten

logo.ensafh

Justermiddei is by Omrop Fryslân de blomlêzing oanbean fan Babs Gezelle Meerburg en Jetske Bilker mei boppeneamde titel. Ik wol fuortendaliks in pear yndrukken kwyt.

Unferwachte seleksje
Yn it foaropwurd lizze Bilker en Meerburg hiel dúdlik út dat de seleksje har eigen subjektive kar is. Krekt omdat der al in oantal ‘represintative’ blomlêzingen binne, benammen de Spiegel en Dream yn blauwe reinjas, is der romte foar in seleksje op basis fan eigen smaak, stelle de gearstalsters. It resultaat is in ferrassing: Fiifentachtich fersen binne fan de lêste tweintich jier. Dat is wol in hiel ûnhistoaryske smaak foar poëzij! Soene de dames as it giet om (pop)muzyk, arkitektuer, film of skilderkeunst ek sa’n smaak ha?… Lês fierder