Nei in foech moanne wiene de 12 helden oplaat ta eurokommando. Dat mei koart lykje, mar ferjit net dat de mannen yn in eardere libbensfaze al yn it leger sitten hiene, en dat boppedat de Fryske oranjekoeke in dusdanige foarmjende, sis mar edukative wearde hie dat de mannen mei nocht en wille nije feardichheden opdiene. Wat der earder oan har oplieding miskearre hie, wie no alhiel yn oarder brocht.… Lês fierder
Feuilleton
In Fries yn Afghanistan 2.4
– Jawis, andere Marco, se binne by Christine leDuc wol te krijen, de prizen farieare fan 29.95 oant 259.95. Se wurde ûnder oaren monteard yn Japanske en Amerikaanske sekspoppen. Dêrfan farieare de prizen fan 49.95, mar dan ha je echt neat, oant 19.999, en dan ha je echt in libbensecht keunstwurk dat oanfielt as frouljushûd. Se kinne ta in hichte nei eigen foarkarren levere wurde: grutte fan boarsten en heupen, hûdskleur, kleur eagen, stevichheid fan it fleis. Der is kar út 12 soarte fan lippen kwa foarm, 4 soarten fan eagen kwa foarm, kear 3 foar de kleur makket wer 12 kombinaasjes.… Lês fierder
In Fries yn Afghanistan 2.3
Freedtemiddeis hiene de nije rekruten frij, mar se mochten net fan ’e basis. Se sieten der no al trije wike. Opfallend wie hoe bot at se troch de militêre training yn positive sin feroare wiene. Se hiene in protte persoanlike disipline opboud, se wiene sterker wurden, mar it apartste wie dat se folle yntelliginter wurden wiene. Sels figueren as Rotario of dy boer, Plijnse, dy’t oars net nei boeken taalden, koene no in boek lêze troch it inkeld mar troch te blêdzjen. It like wol as hiene se allegear in fotografysk ûnthåld krigen. Ja, sa is mar wer te sjen hoe goed as in bytsje beweging en in sûne libbenswize foar de minske is.… Lês fierder
In Fries yn Afghanistan 2.2
Se stapten de barak út. Hea, dit wie Fryslân yn ’e simmer. Griene greiden leinen om it fleanfjild hinne, ljippen draaiden har rûntsjes yn ’e lucht, krûdige reek fan hynsteblommen, piipkrûd en spoekeblommen kidele de noastergatten fan stêdsminsken dy’t útlaatgassen, parfum en deo hiem wie. Yn it suden wie de stêdeboukundige grutskens fan Ljouwert te sjen, yn ’e foarm fan it gebou dat hiel Fryslân mei syn symboalyske slachskaad oerhearske, symboal fan in ûnoerwinlike driuw om de hichte yn: de Aldhei, yn ’e analfabetyske mûle fan it legere folk ek wol de Oldenhove neamd. Yn oare wei leine de doarpen Marssum, Bitgum en Stiens, mar dy waarden troch struken en rigen ile pompelieren oan it genietsjend each ûnttein.… Lês fierder
In Fries yn Afghanistan 2e haadstik
Nei it healoere mindere it fleantúch faasje. Sa gau al te plak, tocht Desiderius en hy stie fersteld fan ‘e foarútgong dy’t de minske yn it algemien en it Ministearje fan Definsje yn it bysûnder boekt hie op it mêd fan transport. Wêr soene se delkomme? Darfur, Irak, Colombia? Hy digere ta it rút út.… Lês fierder
In Fries yn Afghanistan 1.4
– Nee, wy fjochtsje foar de oalje-yndústry en de wapenhannel. Mar dêr hiene wy it net oer. It gie oer de Taliban. Kinst gauris yn ’e krante lêze, sa’t ik sei, dat der wer ris safolle fan dy Taliban opromme binne. It is ús spesjale NAVO-bataljon dat soksoarte akkefytsjes opknapt. It soe net bêst wêze as ús gewoane soldaten de striid oangean moasten. Se ha ynstruksjes om it gefjocht oeral en altyd te mijen of har byneed suver ferdigenjend op te stellen. Se prate in protte mei de lokale befolking. Wylst smookt it spesjale NAVO-bataljon CK de nêsten fan dy heitelânstriders, dy revolúsjonêren út.… Lês fierder
In Fries yn Afghanistan 1.3
– En hoe wiest yn tsjinst dan? As gewoan soldaat?
– Nee, as skerpskutter.
Ja, tocht Desiderius by himsels, lekker boppe yn in beam sitte en de ien nei de oar ûnder dy ôfknalle. Krekt as it foarteam by de polysjonele aksjes yn Yndonesië.
– Moai sa. Dat is krekt wat in opboumisje nedich is.
De skrale man lake, en de walrussnor lake mei. Doe’t se útfrege wiene, sei de man yn reinjas:
– It sit sjesa. De kondukteur hat dy sûnder kaartsje yn ‘e trein betrape en hast ek noch it rút fan it húske fernield. Dat wy kinne dy oerdrage oan de plysje.… Lês fierder