
Feuilleton
28
Paul krige it tema fan de irony wer op.
‘Jimme ha se noch net sjoen, tink, de klaproazen.’
‘Nee, hoesa?’ sei Seleina, ‘o ja, ik ha der ris fan heard. It hat mei de oarloch te krijen. Mar fertel.’
‘It is it symboal fan oantinken foar de soldaten dy’t fallen binne yn de earste wrâldoarloch, dat Ieper is der fan ferjûn.’
‘Mar wat hat dat mei irony te meitsjen?’
‘Yn wat moai is sit irony bewuolle, of miskien kin men better sizze, it ropt irony op. Alteast by my wurket it faak wol sa.’
‘Hoesa, de klaproas?’ sei Alexander.… Lês fierder