Feuilleton
12
Oan ’e ein fan ’e boulevard rûnen se it strân op. It wie eb, dat it wie in eintsje rinnen nei it wetter ta.
‘Hoe fierder by de dunen wei hoe better,’ sei Alexander.
Seleina lake en fleach foarút.
It strân wie fierhinne leech.
Doe’t Seleina hast oan ’e ein fan it strân ta wie gong se yn ’e hoksen sitten en tekene se twa hannen mei de pols, krúslings en mei de rêch nei de beskôger ta. Dêrnei rûn se sa fier fierder dat de útrinnende weagen fan de see krekt net oan ’e punten fan har skuon ta kamen.… Lês fierder