Piter Boersma

Molwrot (5)

logo.ensafh

Feuilleton

5

Seleina siet yn ’e wapenhannel. Alteast dat wie ien fan ’e dingen dy’t se die en dêrby wie elk ding de dekmantel foar wat oars. Foar’t se dy jûns Alexander Boban troffen, hie se de moarns mei in fertsjintwuridger fan it Servyske ministearje fan Definsje praat en de middeis mei in wapenhanneler dy’t saken die mei it bewâld yn Kosovo. Se reizge de wrâld oer, hie mei withoefolle lju kontakt, mar wie bûten de sektoaren dêr’t se gedoente mei hie ûnbekend. Hast alles dat se die spile him ôf bûten de iepenbierheid en as dat net sa wie dan bleau sy alteast al yn it tsjuster.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (4)

logo.ensafh

4

‘Ik hâld fan heech en ek fan leech, fan ljocht en ek fan donker,’ sei Seleina.
Alexander sei: ‘Juster hearde ik dy sizzen: “Rûch en glêd fiele beide hearlik oan.”; en fannemoarn seidest: “Libben en dea, beide.”’
‘Dan nim ik even rêst,’ sei se.
‘Ik ken dy no fjouwer wike,’ sei er, ‘asto lakest, moat ik hieltyd tinke, wat is der mei dat laitsjen.’
Se joech him in tút.
‘Laitsje en net laitsje,’ sei se.
‘Hast ek in foto fan dysels as bern, dêr’tst op lakest?’
Se seach him oan.
‘Wis,’ sei se, ‘in hiele protte.’
Se helle in pear foar it ljocht.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (3)

logo.ensafh


Feuilleton

3

Hy pakte syn mobyltsje en skille har.
‘Ik bin noch net iens bûten,’ sei se.
‘Hast myn fraach heard?’ sei Catrinus.
‘Nei Peaske-eilân,’ sei se.
‘Wannear?’
Seleina ferbruts de ferbining.
Wêr wie se oan begûn? Se hie him sels oanhelle. Doe’t se him trije jier lyn op ’e Dam tsjin it liif rûn en op syn útnoeging yngongen wie om in kop kofje te drinken, hie se dat net mei in ferlechje ôfwimpele. En se hie doe sels sein dat it har aardich talike om inoar wer ris te sjen. Nuver, want dêrfoar hie se sein dat er har neat freegje moast oer har libben.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (2)

logo.ensafh

Feuilleton
Molwrot

2

Catrinus fertelde Seleina itselde ferhaal as oan it begjin fan ’e jûn, allinne it waard in hiel oar ferhaal, want hy liet it oars einigje. It kaam om’t Seleina him oer it boarst aaide en har hân sa no en dan even nei syn krús brocht.
De earste kear hie er it ferhaal goed ôfrinne litten. De mollen Klaas en Wytse hiene har nei in aventuerlike dei yn alle frede deljûn. No einige er sa: ‘De twa mollen rûnen ticht tsjininoar oan fierder. Klaas sei: “Dêr binne wy goed ôf kommen. Ik hie syn snút oars wol even sjen wollen.’… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot (1)

logo.ensafh

Feuilleton

I

Doe’t it ferhaal oer de molwrot út wie, seach Seleina ûnferskillich.
Catrinus glimke.
‘Skink my noch mar ris yn,’ sei se.
Hy skonk har wynglês foar de fjirde kear fol.
‘Ik priuw trouwens net iens wat ik drink.’
‘It is goed guod. Is der wat?’
‘Huh. Sa’t ik sei, ik ha nei Madeira west, mar juster en hjoed wie ik yn Fryslân.’
‘Allinne?’
‘Nee.’
Hy frege net fierder. Se sei noait mei wa’t se kontakt hie.
Catrinus koe har fan ’e middelbere skoalle. Se kamen beide fan Ljouwert, mar hy wenne yn Huzum en sy yn it easten fan ’e stêd, oan it Fliet.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (07)

logo.ensafh

Haadstik Sân: Glêzen Eagen en KristallenB

Heidelberger Weinstube, wie de net botte orizjinele namme fan it etablissemint dêr’t de literatoaren har melde moasten foar it jûnsmiel. De seal wie rom, mar dochs smûk troch de smaakfolle ynrjochting, mei grutte planten en sêft hinne en wer swaaiende kristallen kandlers. Yn in herntsje spile in strykkwartet, en allegeduerigen draafden obers en servearsters hinne en wer. Hy seach oan de oare kant fan de seal Jouhandeau sitten, mei by him oan tafel in jonge soldaat. Se hiene in protte wille sa te sjen.

Sybe Rinzema keas as haadgerjocht de forel en efkes letter wie er mei mes en foarke de fisk, dy’t him op in bedsje fan slaad en oar grien guod mei glêzige eagen oanstoarre, oan it ûntleden.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Brún Bloed (08, slot)

logo.ensafh

Haadstik Acht (slot): Das Heidenloch

Wagner fansels, sa tocht Rinzema, de Führer syn favorite komponist; om him hinne hearde er lykwols de namme fan iene Bruckner flústerjen, dat soe dan tink ek in ferneamd komponist wêze. De muzyk boaze oan, in katedraal fan koperklanken waard opboud, mei dêrûnder, nee, dêr omhinne wuolle dizenige slierten fan fioelen. Sybe hie der net sa folle doel oer, se wiene thús op de pleats net mei de hegere kultuer grutbrocht, mar hy rekke folslein betsjoend troch de monumintale komposysje.

Wylst it orkest trochspile wiene yn ’e midden fan it heakkekrús, it each sis mar, in stikmannich soldaten dwaande mei it opbouwen fan wat wol in soarte fan koai like.… Lês fierder